Lid wurde?

 

Wa wit, wolle jo nei it lêzen fan al dizze reklame foar de FNP daalk lid wurde fan de FNP.

 

Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?

Sprek- en stimrjocht op ledegearkomsten.
As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP- ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de FNP. Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein. Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!
Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer keazen. Dêr wurde ek de kandidaat-steateleden oanwiisd.

 

De Frijbûtser
7 kear jiers krije jo it partijblêd ‘Frijbûtser'.

 

Kontribúsje  

As jo de jierlikse bydrage der foar oer ha: graach. De ledebydrage is minstens € 27,50 yn it jier, mar der is in frijwillige rjochtline foar minsken dy't it goed dwaan kinne om wat mear te beteljen. Foar persoanen jonger as 27 jier is de ledebydrage € 16 yn it jier en ek foar húsgenoat-leden (mear as 1 lid op 1 adres) is de bydrage € 13.

 

Minsken foar wa't de € 27,50 in probleem is, kinne kontakt opnimme mei it FNP-Hûs yn Ljouwert (fnphusfnp.frl) en dêr in regeling ôfprate dy't op de persoanlike finansjele mooglikheden ôfstimd wurdt.

Foar dat jild krije leden stimrjocht op de ledegearkomsten fan de FNP. Boppedat krije jim in abonnemint op de Frijbûtser fan de provinsjale FNP en de Bodder fan de gemeentlike ôfdieling.

 

No Fergees: Fryske staveringskursus
De FNP organisearret elk jier foar syn leden in AFUK-staveringskursus. As jo lid wurde, krije jo ek fergees de kursus oanbean!

 

De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.

 

Nim kontakt op mei ús skriuwer:  

Wiebe Buruma

Turfloane 2A

9284 KJ

Stynsgea

0512 352528

wiebe.burumafnp.frl

 

Of klik op de neifolgjende skeakel (link): www.fnp.frl

 

nijseiz1



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer