Sosjaal Maatskiplik Team

De FNP fan Achtkarspelen fynt it wichtich dat ynwenners dy’t mei problemen te meitsjen hawwe of krije, goed holpen wurde. Problemen lyts of grut, seker as it ferskillende problemen tagelyk binne, hawwe in soad ynfloed op it deistich libben fan minsken.

FNP 8515compleet

 

Tink dêrby oan problemen sa as: gjin wurk en ynkommen, by opfieding, wenjen, sûnens, iensumens en skulden. Foar guon ynwenners is it faaks net maklik om sels in oplossing foar de problemen te finen. Soms komst der net mear út en fynst it  dreech om help te freegjen. Guon hawwe gjin goede ûnderfining mei helpferlienende ynstânsjes en doarre sadwaande net nochris om help te freegjen.

 

FNP vdVkramer

 

Deputearre Johannes Kramer jout "startsein" Sosjaal Maatskiplik Team Achtkarspelen"

Op de famyljedei fan de Fnp-Achtkarspelen hat foarsitter Geart van der Velde it earste Hûs oan Hûs struibrief oer it SMT-Achtkarspelen útrikt oan deputearre Johannes Kramer fan de provinsje Fryslân. Kramer fûn it in geweldich inisjatyf om de polityk op dizze wize nei de mienskip te bringen. Yn de hjoeddeiske mienskip is der ferlet fan ditsoarte inisjativen. Hy makke de ôfdieling Achtkarspelen in komplimint en hope dat de oare ôfdielings it foarbyld folgje sille.

 



Tags: algemien

Downloads:
Sosjaal maatskiplik team folder foarkant
Sosjaal maatskiplik team folder efterkant


2019 FNP Fryslân - Disclaimer