"De FNP yn Achtkarspelen"

De FNP yn Achtkarspelen

  


De opbou

 

Yn de sechstiger en santiger jierren wie de FNP altyd it sterkst yn it hert fan Fryslân:de greidhoeke en de súdwesthoeke. Yn de santiger jierren twivelen guon FNP-ers nochwolris oft it oait wat wurde soe mei de FNP

yn 'e Wâlden. Sa grut wie de oermacht fanit CDA hjir en sa grut wie de trou oan de tradisjonele partijen.

 

Yn 1974 die de FNP Achtkarspelen foar it earst mei oan de rieds-ferkiezings, mar der waard

krekt gjin sit helle. Listlûker wie Wibe Bergsma fan Bûtenpost. Yn 1978 waard it op 'e nij besocht

en wie Marten van der Veen foar it earst de listlûker. It slagge doe wer net. Fjouwer jier lang

waard der doe benammen troch Marten van der Veen, Broer Terpstra, Sytse van der Werf,

Jan de Boer en Sip Bouma polityk aksje fierd bûten de ried.

 

Dat brocht súkses yn 1982 en Marten van der Veen waard doe it earste riedslid fan de FNP yn Achtkarspelen.

Yn 1986 wie der wer súkses, de FNP helle 2 sitten en Marten krige selskip yn de ried fan Broer Terpstra.

Yn 1990 wie der wer winst en kaam ek Rinske Vogel foar de FNP yn de ried.

 

Yn it kolleezje

 

Yn 1994 gie it súkses op 'e nij troch mei 4 riedsitten. Njonken Marten en Broer waarden ek Atty Sietzema

en Jan Benedictus keazen. Marten waard wethâlder yn in koalysje mei de PvdA en de RPF/SGP en Broer

waard de nije fraksjefoarsitter fan de FNP.

Yn 1998 foel de ferkiezingsútslach ôf, fan 4 nei 3 sitten. Grif de priis, dy't betelle waard troch fan opposysjepartij

bestjoersderspartij te wurden. Dochs waard Marten wer wethâlder yn in koalysje mei it CDA en de PvdA en Jan Benedictus waard de nije fraksjefoarsitter en Atty Sietzema riedslid.

 

 

En út it kolleezje

 

Nei twa jier stapte Marten van der Veen op as wethâlder fanwegen it feit dat de CDA en PvdA wethâlders it 12 doarpebelied sûnder mear ôfskaffe woene en in konsintraasjebelied foarstiene, allinne Bûtenpost en Surhústerfean dus.

De ûndersiken, dy't de ûnderbouwing leverje moasten foar de "needsaak" dêrta neffens harren, mochten net ôfwachte wurde.

Marten waard fuort wer fraksjefoarsitter en de FNP koe wer frijút opposysje fiere tsjin it kolleezje en yn 2002 behelle de FNP safolle stimmen as noch noait tefoaren. Hast in ferdûbeling fan sitten, krekt gjin 6. In boppeslach dus. Njonken Marten en Atty trije nije gesichten yn de ried. Dit wine Minke Adema, Joop van Houten en Willem Schievink. 

Likegoed waard de grutte winner FNP troch de grutte ferliezers (CDA en PvdA: beide partijen ha sûnt 1986 tûzenen stimmen ferlern oan de FNP)

bûten it kolleezje hâlden.

 

Yn 2006 ferlear de FNP by de riedsferkiezings fiks oan de PvdA. Hoewol't de PvdA yn de ried neat prestearre hie, mienden in soad kiezers sa it lannelike belied fan it Kabinet Balkenende feroarje te kinnen, mar dat is net slagge. Dat hie wol fangefolgen dat der in PvdA fraksje mei allegear begjinners siet en dat wy in kolleezje fan CDA, CU en PvdA hienen. Foar de FNP kamen Marten van der Veen, Atty Sietzema, Sjoerd Groenhof, en Tsjibbe Brinkman yn de ried.

 

Yn 2010 op ‘e nij yn it kolleezje.

 

De basis fan it FNP súkses hat altyd berêst yn it goeie kontakt mei de befolking. Der wêze foar de minsken, boarch stean foar de mienskip en opbouwe fan ûnderen wei op. Dat hat yn 2010 laat ta in winst fan ien sit. Op 195 stimmen nei wine wy de grutste partij fan Achtkarspelen. Lykwols hiene wy in sit minder as it CDA. Wy krigen yn 2010 op 'e nij Marten van der Veen yn it kolleezje en twa nije gesichten yn de ried.

De folsleine riedsfraksje bestie út: Sjoerd Groenhof, Tsjibbe Brinkman, Atty Sietzema, Maaike Dotinga en Sake van der Meer. Boppedat binne der noch 4 warbere minsken yn ús skaadfraksje. Foar de takomst is dat in stikje bûter yn de brij.

 

2014 De FNP is de grutste partij fan Achtkarspelen

Op 19 maart 2014 binne der yn de gemeente Achtkarspelen histoaryske ferkiezings west.
Foar it earst yn de nei-oarlochske skiednis is de FNP de grutste partij fan Achtkarspelen.
Wat yn Achtkarspelen yn 1982 mei 1 sit yn de ried begûn is, is útgroeid ta in faktor fan grutte betsjutting.
Sjoerd Groenhof, Tjibbe Brinkman, Sake van der Meer, Maaike Dotinga-van der Veen, Yde van Kammen en Wietske Poelman kamen yn de ried en Marten van der Veen waard wethâlder

Yn 2016 foel it kolleezje en waard de FNP healweis de rit opposysjepartij.

 

2018 De FNP de twadde partij fan Achtkarspelen

 

Op 21 maart 2018 ferlear de FNP twa sitten. ûndanks it ferlies bleau de FNP wol de twadde partij fan Achtkarspelen

Tjibbe Brinkman, sake van der Meer, Yde van Kammen en Maaike Dotinga-van der Veen binne yn de ried kaam.

Dit kear foel de FNP bûten it kolleezje en sit yn de opposysje.

 

Rjocht troch see en ja is ja en nee is nee! Bestjoer en fraksje binne der wis fan dat dat it fûnemint fan de FNP is

 

FNP stimmen yn Achtkarspelen

                                                                                                                                                                                                                                                                  

Jier                                            Tal stimmen        % stimmen            Tal riedssitten

1974 Ried Achtkarspelen                       n.b.                    n.b.                             0

1978 Ried Achtkarspelen                       379                    2,8%                          0

1982 Ried Achtkarspelen                       813                    5,8%                          1

1986 Ried Achtkarspelen                       1.512                 9,4%                          2

1990 Ried Achtkarspelen                       2.112                14,3%                         3

1994 Ried Achtkarspelen                       2.499                17,2%                         4

1998 Ried Achtkarspelen                       2.063                14,9%                         3

2002 Ried Achtkarspelen                       3.610                25,2%                         5

2006 Ried Achtkarspelen                       2.483                18,3%                         4

2010 Ried Achtkarspelen                       2.791                23,9%                         5

2014 Ried Achtkarspelen                       3.030                25,3%                         6

2018 Ried Achtkarspelen                       2.004                16,4%                         4



2019 FNP Fryslân - Disclaimer