Lys Visser Heringa bestjoerslid

lys Visser

wenplak: Koatstertille

 

E-Post:lys.visser@fnp.frl

 

Tillefoan:06-57351241



 

 

 

 

Even foarstelle,

Myn namme is Lys Visser. Ik bin moai wat jierren lyn yn Dokkum berne, en ha nei de legere

Skoalle gien yn Twizelerheide. De middelbere- en hegere skoalle ha ik yn Ljouwert folge.

Tegearre mei myn  man wenje ik alwer mear as 30 jier oan de Koaten yn Koatstertille. Ik ha

Jierren oan skoalle stien, fan beukerjuf oant direkteur fan in basisskoalle. Fanwegen myn sûnens wurkje ik al in skoft net mear yn  in betelle baan. As frijwilliger set ik my yn foar it doarp as bestjoerslid fan Pleatselijk Belang, skriuwster en no-tydlik-foarsitter. Ek bin ik foarsitter fan de Stichting Tillehûs, de eigner fan it MfaTillehûs. It hat in hiele striid west om it nijeTillehûs bouwe te kinnen. Wy hiene de tiid net mei; de krisis helle ús yn. Troch lang oanhâlden, trochsetten, de striid oangean en de moed deryn te hâlden, ha we it oprêd om in nij ûnderkommen foar de doarpsmienskip te realisearjen. Inwapenfeit wêr't ik tige grutsk op bin! De FNP hat ús tige stipe. Marten vd Veen as wethâlder en de fraksje, Sake vd Meer foarop. It Tillehûs wurdt goed brûkt troch âld en jong en ek yn de regio fynt it wer syn plakje. It moast neffens Marten: "foar de helsdoarren wei komme", mar it wie de striid wurdich!

As doarp ha we op dit stuit de hannen fol oan it kearen fan de komst fan in mega-biofergister. It ding sil boud wurde op de Westkern, op ien fan de gefaarlikste lokaasjes yn de omkriten, en deun by twa grutte bedriuwen mei hûnderten wurknimmers. Wierskynlik ha jo der al it ien en oar oer heard of lêzen, of sein! Ek by dizze striid stipet de FNP ús tige. Ik bin al lange jierren belutsen by de FNP, mar altyd efter de skermen. Op de jiergearkomste bin ik yn it bestjoer fan de ôfdieling Achtkarspelen keazen. Hoewol 't ik de hannen fol genôch ha,  

fyn ik it wichtich om my yn te setten om ús partij wer de grutste fan de gemeente wurde te litten. De FNP hat bewiisd in partij foar ús allegearre te wêzen. De partij komt op foar de belangen fan de ynwenners en stipet de pleatslike pnisjativen. Foar my persoanlik is de FNP foaral in emansipaasjepartij. Dan ha we it oer it rjocht fan elk om him  uterje te meien en te kinnen yn de memmetaal. As ûnderwiisminske docht it my sear dat noch altyd tefolle friezen analfabeet binne yn har eigen taal. In skandaal dêr't we mei-inoar wat oan dwaan moatte. Miskien kinne we it dêr letter nochris mei-inoar oer ha.

 

 

 



2021 FNP Fryslân - Disclaimer