As it oan Plaatselijk Belang Kootstertille leit, komme der mear húzen foar starters en âlderein
en hoecht der gjin nije swiere yndustrie mear by.
Sa die bliken op it digitale wurkoerlis fan de fraksje fan de FNP Achtkarspelen mei it bestjoer fan Plaatselijk Belang Kootstertille.
" It is fan belang dat der boud wurdt sadat der trochstreaming komt op de húzemarkt en elk dy't dat wol hjir wenjen bliuwe kin."
Fynt it bestjoer.
Dat de beide yndustry gebieten sagoed as fol sitte, is it bestjoer fan PBK net rouwich om :" We binne wiis mei de yndustry,
salang we der as doarp gjin oerlest fan ha.
We ha moaie bedriuwen, mar der moat wol goed tafersjoch wêze, elk moat him oan de regels hâlde.
Der hoecht om ús ek gjin swiere yndustry mear by. It is sa moai genôch."
Oft der in nije brêge komt of in aquadukt is noch net helder." Wat it ek wurdt, it is saak dat we der meielkoar
omtinke dat de ûntslúting fan it doarp ferbettere wurdt.
De sitewaasje sa't dy no is, mei in protte frachtferkear en mar ien ûntslútingswei, is net tarikkend en gefaarlik.
Ek is it yn it belang fan Haitsma beton dat der faart achter it projekt set wurdt.
No kinne de swiere frachtweinen net oer de Tilster brêge en moatte se in ein omride, oer wegen dy't der net op berekkene binne."
De slach om de cofergister liket nei in jierrenlange striid no hast wûn te wêzen, mar it is wol saak dat de gemeente der foar soarget
dat der gjin ôffalferwurkers mear by komme kinne op de Tille." Sabeare grien of net, we ha ús part no wol hân," fynt it bestjoer.
Dat it doarp neat tsjin -écht - grien hat , mei blike út it feit dat Koatstertille aktyf belutsen is by mar leafst trije nije griene projekten.
Der is in pilot projekt fan Ynnatura dat besykje wol de omjouing fan de yndustry griener en natuerliker te meitsjen.
It doarp docht ek mei oan it projekt :" Natuerlik Ferskaat mei de Mienskip " .
It doel is dat de ynwenners meielkoar besykje de Tille noch moaier en griener te meitsjen.
Fierder is PBK belutsen by de úntwikkeling fan in driuwend sinnepark, op de sânwinput by Skûlenboarch.
Fansels yn de hoop dat it doarp der finansjeel better fan wurdt, mar ek mei it doel de mooglikheden fan it gebied sa te ûntwikkeljen
dat minske en bist der optimaal fan profitearje kin.
It doarp hat soargen oer de leefberens. De besunigingen op it sosjaal kultureel wurk sette in streek troch
sawol it jeugdwurk as aktiviteiten foar âld en jong ." Tige suksesfolle aktiviteiten ,
stik foar stik opsetten om hannen en fuorten te jaan oan it begrip "mienskip ".
Om elkoar te moetsjen, meielkoar te wêzen, elkoar te helpen, fan elkoar te learen, de iensumens te bestriden".
" Us jeugdwurk draait -normaal sprutsen - as in tiereliere. In protte bern komme byelkoar yn ús prachtige nije jeugdhonk
om ûnder lieding fan enthousiaste frijwilligers allehande aktiviteiten te dwaan. As de subsydzje stoppet,
moatte we it jeugdhonk slúte.
Stean de bern mei lege hannen op strjitte. En safolle ha dizze bern faak ek al net."
De troue bisikers fan it Tilster Vangnet reitsje ek foar de winige doar.
En dat wylst it krekt foar har sa fijn is dat se elkoar moetsje kinne : even der út.
Sa brekt it kolleezje yn ien kear ôf wat yn jierren opboud is. Ek it doarpshûs sil der grif ûnder te leien ha,
as groepen bisikers net mear komme kinne.
" Noch mar in pear jier lyn ha we, mei help fan de provinsje en de gemeente in nagelnij mfa boud.
Ek en foaral om de bining te fersterkjen. Ek en foaral foar álle Tilsters, âld en jong, earm en ryk. Moat dat no, boppe op de coronacrisis,
in tebeksetter ha, dit kear fan de eigen gemeente ? Al foardat de ried oer dizze besuniging stemd hat,
hat PBK de riedsleden op dit grutte fersin wezen en har frege dit belied te keren.It mocht net bate.
Wat der mei it jild foar de doarpen bart, it leefbaarheidsfonds, is net dúdlik.
Ek de wethâlder wit it noch net,sa sei se yn in petear mei PBK. It bestjoer is dúdlik : "We hiene it hjir yn Achtkarspelen
as doarpen goed foarelkoar; der wie jild om aktiviteiten te ûntwikkeljen foar de jeugd, de âlderein, de kwetsberen.
We hiene as doarp sels de regie oer it leefbaarheidsfonds. As it sa komt dat we yn de takomst skoaie moatte by Kearn of de gemeente,
om ús goede wurken mei help fan frijwilligers dwaan te kinnen, dan kinne dy frijwilligers wol ris ôfheakje. Dan kinne de PB's ek wol ris sizze :
as jim it better witte, meie jim it sels dwaan. De wethâlder hat in ambtner oansteld om it tsjil op e nij út te finen. We sille it sjen.."
It bestjoer fan PBKootstertille tanket de fraksje fan de FNP Achtkarspelen foar har stipe, meinamme yn de striid tsjin de cofergister. "
Ek yn de takomst hoopje PB Koatstertille dat se op de FNP rekkenje meie. " De fraksje slút de noflike gearkomste ôf, mei tank.
En in bûsfol húswurk.