FNP op wurkbesite by boulokaasje Rienkswyk yn de Harkema

FNP komt yn de ried mei it foarstel om wenningbou te realisearjen.

Freed 18 Septimber hat in ôffeardiging fan de FNP op wurkbesite oan de boulokaasje Rienkswyk yn de Harkema west.

 

De ûndernimmers Ate en Hendrik Atse Storm wolle op dizze lokaasje wenten bouwe, it persiel leit tsjin oer de krekt oplevere nijbou.

 

Om dizze plannen te realisearen moat de bestimming fan it persiel  feroare wurde fan agrarysk nei wenjen,

hjirfoar is de meiwurking fan de gemeente en de provinsje nedich. Dit kin swierrichheden jaan omdat it gjin binnenstedellike útwreiding is ,

mar de grûn is al wol yn 2013  opnaam yn de Struktuerfysje fan Achtkarspelen as ien fan de lêste útwreidings rjochtingen  wenjen yn de Harkema.

 

De konsept fysje wenjen fan de gemeente hat al op besjen lein  en wurdt yn de rieds- gearkomste fan novimber behannele.

Der is op dizze fysje troch Pleatslik Belang Harkema al in reaksje cq beswier yntsjinne, fiersten te min daadkracht en ambysje .

It plan Rienkswyk wurdt yn de fysje net beneamd as mooglike boulokaasje yn de Harkema.

 

De foarsitter fan Pleatslik Belang Harkema wie ek oanwêzich by dizze wurkbesite en ûnderskriuwt dat dizze lokaasje geskikt is

om de fraach nei wenten en bougrûn op koarte termyn te ûntwikkeljen. De fraach nei boukavels en wenten yn de Harkema is grut,

der is hast gjin oanbod fan hier of keap wenten en ús jongerein wol graach yn it moaie doarp wenje en dér is no gjin sicht op seit foarsitter Weening.

 

De ynfolling fan it plan stiet noch hielendal iepen, de ûndernimmers geane graach mei de gemeente hjiroer yn oerlis.

Boukavels of starterswenten, sosjale hier wenten it is allegearre yn te passen. Ús kolleezje ropt trochpakke, 

binnen it doarp binne der op koarte termyn gjin mooglikheden yn de Harkema , mar hjir leit neffens de FNP de mooglikheid

om troch te pakken en wol op koarte termyn.

 

De FNP sil yn gearwurking mei de ûndernimmers en Pleatslik Belang dan ek alle war dwaan om dit plan troch gean te litten.

De FNP komt yn de ried mei it foarstel om op de neamde lokaasje wenningbou te realisearjen. 

 

Foto boulokaasje Rienkswyk 2       



2020 FNP Fryslân - Disclaimer