FNP Achtkarspelen op wurkbesite by bistedokter praktyk “Tusken Diken en Feanen”

Mei in moaie groep minsken fan fraksje en bestjoer fan de FNP Achtkarspelen gie it ditkear nei Droegeham.

Oan de lândyk hat Frank Roest mei syn dochter Tjitske de bistedokter praktyk "Tusken diken en feanen".

Yn de Foarljochting rûmte mei geweldich útsjoch troch de moaie glêzen foarpui, krigen de FNP ers in nijsgjirrige presintaasje troch Frank.

 

Frank studearre yn 1985 ôf en yn 1986 en kaam hy yn Droegeham yn de praktyk mei de namme "Tusken diken" Yn 1988 wurdt in nij pân

oan de lytse wei yn Droegeham iepene.

Yn 2002 wie der in fúzje mei de praktyk yn Surhústerfean, doe waard ek de hjoeddeistige namme oannaam.

Yn 2015 gie Frank mei dochter Tjitske yn maatskip. Yn 2019 hat Frank dus  In karriêre fan omtrint 35 jier.

 

It bedriuw hat 4.5 foltiid wurk bistedokters en 6 foltiid wurk paraveterinair bistedokter assistenten.

De genêskundige en previntive soarch wurde op in goede en earlike wize foar minske en bist dien.

De haadlokaasje is Droegeham mar ek binne der lytsere praktiken yn De Westereen en Surhústerfean.

 

Doe Frank begûn wie it oandiel selsskipbisten in 5 % / 10% fan de omset, tsjintwurdich is dat 50 %.

In werklik prachtich ûnderkommen is der realisearre yn 2017. Enerzjyneutraal en werklik alles op it mêd fan soarch

foar lânbou en selsskipbisten is der te finen en te krijen.

In foarljochtingsrûmte, in apoteek, in koelsel, kantoarromten, operaasjeromten, prachtige ûnderkommens foar de bisten

dy behannele binne mar ek in weardige eutanasyromte.

Nije saken en ûntwikkelingen dy't harren oantsjinne hawwe, binne ûnder oare: in trimsalon, in assistintesprekoere, kursussen, begelieding en ûndersyk.

Achtkarspelen kin grutsk wêze mei sa'n heechweardige praktyk wêr je 24/7 telâne kinne.

 

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer