Wurkbesite FNP Fryslân oan biologyske buorkerij Marinus.

 

In delegaasje fan bestjoer en Steatefraksje fan FNP Fryslân mei dêrneist ek leden fan de fraksje fan FNP Achtkarspelen

is sneon 2 maart op wurkbesite west by de biologyske buorkerij fan de famylje Marinus yn Twizel.

It wie in tige nijsgjirrige besite oan in moai bedriuw tusken Bûtenpost en Twizel yn.

 

De FNP'ers waarden hertlik ûntfongen troch de famylje Marinus.

Johannes Marinus wennet dêr mei frou en 2 bern.

Under it genot fan in bakje kofje fertelde de hear Marinus entûsjast oer syn bedriuw.

 

Syn buorkerij hat 100 kij en hy buorket op ûngefear 100 ha. lân.

Hy docht it wurk gruttendiels allinnich, wol helpt in ZZP-er him in oantal oeren yn de wike

en ek in buorjonge komt him wol regelmjittich in oantal oeren helpen.

 

De famylje Marinus hie earst in saneamde gongbere buorkerij. Hy buorke sa as de measte buorkerijen it dogge.

Trochdat der yn de buert grûn beskikber kaam, koe hy de oerstap meitsje nei in biologyske bedriuwsfiering.

Hy hat dat dien omdat biologysk buorkjen goed by syn bedriuwsfiering oanslút en it in better takomstperspektyf biedt foar syn buorkerij.

Yn 2015 is hy omskeakele nei it saneamde biologysk buorkjen.

Dat omskeakeljen duorret foar in buorkerij ûngefear 2 jier.

 

By biologysk buorkjen struie jo gjin keunstmest mear en wurde der gjin bestridensmiddels mear brûkt, je geane oars mei jo lânbou grûn om,

hy docht oan houtwâl en elzesingelbehear, oan agrarysk natuerbehear en oan lânskipsherstel. As jo biologysk boer wurde dan moatte jo foldwaan oan in flink oantal easken, dêrnei krije jo it saneamde SKAL-sertifikaat.

Allinnich dan meie jo sprekke fan biologyske molke en produkten.

In boer mei biologyske molke kriget dêr dan ek wat mear jild foar fan de fabryk

wêr se oan leverje.

 

Dêrneist hat de buorkerij ek noch san 190 sinnepanielen op it dak lizzen wêrmei eigen elektrisiteit opwekke wurdt foar it bedriuw en it is goed foar de duorsumheid.

Nei de útlis fan de hear Marinus oer syn bedriuw beäntwurde hy in oantal fragen fan de delegaasje en wie der noch in wiidweidige diskusje oer it buorkjen hjoed de dei.

Sa as bekend is it behâld fan it fryske lânskip en it skjin hâlden fan ús grûn hiel wichtich foar de FNP.

Dêrom is de FNP in grut foarstander fan mear biologysk buorkjen yn Fryslân.

 

Nei de kofje liede de hear Marinus de delegaasje fan FNP Fryslân en FNP Achtkarspelen rûn troch de buorkerij en demonstrearre de wurking fan it bedriuw.

Ek koene se efkes sjen yn it winkeltsje oan de wei, wêr foarbygongers farske biologyske molke drinke kinne fan de molktap en se kinne dêr ek huning, tsiis en  biologysk fleis keapje.

Al harren produkten foldogge oan it streek-karmerk fan "Waldpyk".

 

De FNP'ers betanken de hear Marinus dêrnei mei in FNP kado foar de moaie wurkbesite.

2019 FNP Fryslân - Disclaimer