Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan SWA Bûtenpost.

In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen is moandei 28 jannewaris op wurkbesite west

by Stichting Wenningbou Achtkarspelen (SWA) yn Bûtenpost. We waarden ûntfongen troch de direkteur Heida

en de 2 managers de hearen Douma en v/d Werf.

 

Under it genot fan in bakje kofje mei cake fertelde dhr. Heida (oanfult troch de beide oare hearen) entûsjast oer syn bedriuw.

De SWA bout, ferbout  en ferhiert wenningen oan minsken yn Achtkarspelen.

De SWA hat 2976 wenningen yn de ferhier yn Achtkarspelen,

Mar de fraach is noch grut. Op it stuit steane 1493 minsken op de wachtlist foar in hierwenning yn Achtkarspelen.

It wenningbesit yn Achtkarspelen kinne jo ferdiele yn 70% eigen wenning-besit en 30% is de hierwenning-sektor.

De SWA is allinnich mar wurksum yn Achtkarspelen en dêrmei kin je sizze dat it in wichtich

bedriuw is foar hiel Achtkarspelen. Ek binne se net fan doel om har wurksumheden nei oare gemeenten út te wreidzjen,

nee Achtkarspelen is en bliuwt har wurkgebiet.

 

Op dit stuit wurkje der 29 minsken yn de binnen en bûtentsjinst by de SWA.

De SWA is oprjochte in it jier 1907 en yn 1908 binne de earste hûzen oplevere.

Dus de SWA bestiet al mear dan 110 jier en is in libbend en finansjeel sûn bedriuw.

De SWA hat goede kontakten mei de gemeente Achtkarspelen, dit is ek wichtich fine se, want mei mekoar kinne jo mear berikke dan allinnich.

De SWA is net in bedriuw dy út is om grutte winst te meitsjen.

Nee it eachmerk fan de SWA is sosjale wenningbou.

Se wolle foarsjen in noflik en betelber wenjen foar de minsken, foaral ek

foar de minsken mei in smelle beurs.

"Uitstekende woningen voor een betaalbare prijs in een prettige omgeving met

een prima service" is hun ideology.

 

Dêrneist wolle se in goede wurkjouwer wêze foar har eigen personiel.

De SWA docht de nije dingen graach stap foar stap. Se dogge net oan megalomane projekten mei.

Is der in wat grutter projekt dan knippe se it faaks op yn meardere

dielen en fazen. It moat behapber bliuwe !

De SWA hat mei de bou fan nije hierwenningen en projekten wol faak te meitsjen mei in protte regels,

burokrasy, wiidweidige wetjouwing, ûndersyken en prosedures ensfh.

Dit makket it net altiid maklik en kost in protte tiid.

De takomst is foaral bouwen foar minsken op leeftiid, dus libbensrin bestindig bouwen. 

Ek de duorsumheid  is hjoed de dei  tige wichtich by it bouwen fan nije wenningen, bygelyks gasleas bouwen moat no fan it Ryk.

De SWA fynt dat it bouwen fan wenningen yn alle doarpen fan Achtkarspelen mooglik wêze moat.  Fansels krije de grutte doarpen wat mear,

mar ek de lytse meie net ferjitten wurde.

 

Nei de kofje en in moaie diskusje liede de hear Heida de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it kantoar en wurkpleats.

De FNP'ers betanken dhr Heida en de hearen Douma en v/d Werf foar de hertlike ûntfangst en de nijsgjirrige wurkbesite.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer