Dit is seker net de earste kear dat dit bart, sterker noch, de ôfrûne 8 moannen al twa kear no. Mar yn de skiednis fan de ûnbemanne brêge fan Strobos al folle faker. De brêge wurdt fanút Skûlenboarch betsjinne. Rykswettersteat nimt op dit stuit de skea wer op fan de brêge.
Dit kear wie it, sa as it no liket, de ‘skuld' fan de skipper, in ynskattingsflater. Der binne gelokkich gjin minsken ferwûne rekke. Dit kear wie it in skip mei oalje. Mar der farre ek in soad skippen dy't gefaarlike stoffen ferfiere as gastanken oan board hawwe. As sa'n skip tsjin de brêge oan fart binne de gefolgen foar de omwennenden net te oersjen.