Dit binne de fragen dy't de fraksje oan it Kolleezje fan B&W steld hat:
1. Is it Kolleezje bekend mei alle yntsjinne ynisjativen fanút de doarpen en dus bekend mei de groepen/ferienigings dy't de subsydzje net krigen hawwe?
2. Is it Kolleezje mei ús iens dat de regeling yn earste plak bestimd foar plannen fanút de doarpen? En dat it ôfketsen fan in plan wylst it op sich in goed plan is net stimulearjend is foar de doarpen?
3. Is it Kolleezje mei ús iens dat der foarich jier yn de ried besluten is dat der in €100.000 nei frijwilligers giet en de oare helte €100.000 nei profesjonals giet?
4. Is it Kolleezje mei ús iens dat wannear't der €50.000 oer is, dat der dan wat mis gongen is mei de kommunikaasje nei de doarpen ta, as it no oer de betingsten is as oer de mooglikheden?
5. Kin it Kolleezje út tasizze dat der opnij nei alle yntsjinne plannen sjoen wurdt?
6. Kin it Kolleezje ús tasizze dat der alle war dien wurdt om ek de restearjende €50.000 telâne te kommen litten by ús doarpen?
7. Is it Kolleezje mei ús iens dat der dán pas sjoen wurde kin nei de mooglike frege ynset fan profesjonals?
8. Kin it kolleezje ús ek oanjaan hokker doarpen en frijwilligers yn oanmerking kaam binne foar dizze súbsydzje en hoefolle der utkeard is?
9. Kin it kolleezje ek oanjaan hokker profesjonele organisaasjes in oanfraach dien hawwe en wêrfoar?
10. Kin it kolleezje ek oanjaan hoefolle súbsydzje der oan't no ta utkeard is oan de profesjonals?