Fryslân: Frysk Parlemint fjouwerkant efter (berne)hertsintrum UMCG

Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe stelling ynnommen ta behâld fan it (berne) hertsintrum fan it UMCG yn Grins. De Fryske folksfertsjintwurdigers stjoere it Kolleezje fan Deputearre Steaten op 'n paad. Fryslân fiert hjirmei solidêr mei Grinslân, Drinte, en Oerisel ek bestjoerlik de druk op om de sintralisaasje fan hertsintra yn de Rânestêd fan tafel te krijen.

"Beskikberens fan essinsjele soarch yn de regio " (Sijbe Knol)

De Fryske Steaten oerwaagje dat it kabinet en har adviseurs him by de plannen foar sintralisaasje yn Rotterdam en Utert benammen basearret op arguminten op it mêd fan effisjinsje, doelmjittigens, finansjele kosten en soarchkwaliteit. Fryslân is fan betinken dat it perspektyf fan de (jonge) pasjinten en harren âlders like swier meiwaagje moat. De berikberens en beskikberens fan essinsjele soarch yn de regio en de regionale sprieding lykje net te tellen yn de plannen; wat binne eins de maatskiplike kosten fan soks?

 

De Fryske Steaten wize der op dat mei it ferdwinen fan de berne- en komplekse hertsjirugy net allinnich essensjele hertsoarch út it Noarden ferdwynt, mar dat it ek in gat slacht yn de multidissiplinêre soarchferliening fan it sikehûs. Nei de hertsjirurgy driigje ek oare ôfdielingen op termyn te ferdwinen. 

 

Foar de bern en harren âlders is it ûndergean fan it operaasje en alle saken dy't der by komme, ûndersiken, kontrôles en neisoarch mei sa'n lange reistiid in enoarme belesting. Boppe-op alle soargen dy't hja dochs al hawwe. Der is in analyze makke. Dêrút docht bliken dat de berikberens foar de doelgroep hertpasjinten yn it Noarden slim ûnderstek dien wurdt. Mei in striel fan 100 km om elts spesjalisearre akademysk sikehûs wurdt in grut part fan Nederlân yn de plannen net langer betsjinne mei in akseptabele reisôfstân. 

 

 

Taheakke: Analyze hertsintra reisôfstannen 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer