Skriftlike fragen FNP oer problemen Tilster brêge

Problematyk fan de Tilster brêge te Koatstertille



Ús riedslid Sake van der Meer hat skriftlike fragen yntsjinne oer de Problematyk fan de Tilster brêge te Koatstertille.

 

"Al in hiel skoft hawwe de ynwenners en bedriuwen en it trochgeand ferkear hinder fan de beheinings fan de brêge oer it Prinses Margrytkanaal, yn de N369 by Koatstertille."

 

 

Skriftlike fragen op grûn fan it Reglement fan Oarder, artikel 47

 

Datum: 9 desimber 2021

 

Giet oer: Problematyk fan de Tilster brêge te Koatstertille

 

Al in hiel skoft hawwe de ynwenners en bedriuwen en it trochgeand ferkear hinder fan de beheinings fan de brêge oer it Prinses Margrytkanaal, yn de N369 by Koatstertille.

 

De FNP fraksje hat hjiroer de neikommende fragen oan it kolleezje:

 

1.       Is it it kolleezje bekend dat der benammen yn de neimiddei in lange file stiet oant foarby de rotonde fan Koatstertille, en dat de ynwenners dêrtroch mar lestich út it doarp komme kinne?

 

2.       Sa ja, is it kolleezje dan ek ree om mei de Provinsje en of Rykswettersteat yn petear te gean om dit probleem op te lossen?

 

3.       Is it kolleezje it mei ús fraksje iens dat hjir in goeie oplossing komme moat, dy't ek foar it doarp Koatstertille en de bedriuwen akseptabel is?

 

4.       It liket derop dat de problemen mei de brêge wolris jierren duorje kinne. Kin it kolleezje ek oanjaan wat hja oan't no ta dien hawwe by de ferantwurdlike ynstansjes  de Provinsje en Rykswettersteat om dizze problemen sa folle mooglik op te lossen?

 

5.       Is it kolleezje ek fan plan, en kin hja tazisse, de Ried , de ynwenners en bedriuwen fan it doarp Koatstertille en de omlizzende doarpen op de hichte te hâlden oer de fuortgong fan dizze problematyk en oplossings?

 

6.       Op hokker termyn tinkt it kolleezje de Ried en de doarpen op de hichte te bringen fan de fuortgong fan de  problematyk en oplossings?

 

7.       Is it kolleezje op de hichte dat ek de brêge fan Skûlenboarch yn in minne steat is, sa't wy as FNP begrepen ha kin der by grutte problemen net mear makke wurde, mei alle gefolgen fan  dwaan, lykas noch mear ferkear oer de Tilster brêge?

 

 

Ut namme fan de FNP fraksje,

Sake van der Meer .



2022 FNP Fryslân - Disclaimer