Bydrage de Feanster krante fan 08-12-2021

Wenje wêr’t wy wenje wolle

Wenje wêr't wy wenje wolle.

 

It belied op it mêd fan wenjen yn Fryslân en ek yn Achtkarspelen is fêstrûn. Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa'n tsien jier lyn, efterôf te foarsichtige prognoazes fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing dy't soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes, de ferkeap fan hierwenningen. Fraach en oanbod komme net mear by-inoar. Ynvestearders en twadde wente-eigeners dy't mei in soad oerwearde en goedkeap liend jild derfoar soargje dat jonge minsken net mear oan in hûs komme kinne. It tanimmen fan it tal flechtlingen oer de hiele wrâld, wêrfan't guon yn Fryslân in plakje krije moatte, wengelegenheid foar de tydlike wurkers yn ús bedriuwen. Alderein, dy't eins wol mei in lytsere wenning ta kinne, mar graach yn de eigen mienskip bliuwe en foar wa't in oergong nei dat lytsere hierappartemint finansjeel folle hegere kosten yn de moanne betsjut. De ‘wenningmerk' docht foar tefolle minsken syn wurk net.

 

Wat kin de Gemeente no al dwaan?

Der binne minsken dy't nei De Haach sjogge foar in oplossing, oaren roppe yn it wylde wei ‘bouwe, bouwe, bouwe!', en wer oaren wolle 45.000 wenningen by de grutte Fryske kearnen. De FNP hat ek each foar de lytsere en middelgrutte kearnen en kaam dêrom yn oktober fan dit jier mei in oanfalsplan, dat rekken hâldt mei de aard, skaal en karakter fan dizze provinsje. Ek wat it lânskip oangiet. De FNP wol dat elke gemeente sels mear stjoer krijt op de wenromte foar syn ynwenners. Dat betsjut dat de FNP mei in tal konkrete maatregels komt. Dêrmei krijt aanst elke gemeente de romte om der foar te soargjen dat ynwenners fan in gemeente lykas Achtkarspelen yn guon gefallen in foarsprong krije by it finen fan wenromte. Minsken mei in sosjale ekonomyske bining fertsjinje in setsje yn de rêch.

 

Frysk Startersmodel
De ynset fan de FNP yn Achtkarspelen by de kommende Gemeenteriedsferkiezings sil dúdlik wêze. Us solidariteit leit by de bewenners fan dit gebied. By de minsken dy't hjir wurkje en dy't hjir wenje. Wy wolle dat der wurk makke wurde sil fan it saneamde Frysk Startersmodel. De gemeente makket it starters dêrmei makliker om yn de eigen omjouwing in wenning te keapjen. Yn it model pakt de gemeente de rol as húsfester werom dy't it yn it ferline kwytrekke is. Hoe dan? Troch grûn foar wentebou yn erfpacht út te jaan, minsken mei in sosjaal-ekonomyske bining hjir yn guon gefallen foarrang te jaan en lykas op guon plakken al bart in stik fan de wenning mei te finansierjen. By ferkeap fan sa'n wenning bliuwt dizze ek beskikber foar de doelgroep en wurde woekerwinsten foarkaam. Wy neame dit sosjale keapwenningen. De FNP is mei dit tinken har tiid fier foarút. Fan ‘e wike waar bekend dat ek De Haach dêr foar iepenstiet. 

Polityk draait derom dat jo in kar doarre te meitsjen. Foar de FNP is dat dúdlik. Wy wolle it stjoer op de wentebou strakker yn hannen hawwe. De opkomst fan it trochsleine liberalisme, alles oan de merk oerlitte, it hat syn langste tiid wol hân. 

 

Wopke Veenstra en Rein van der Wal, kandidaat-Gemeenteriedsleden (plak 4 en 8) en notiids kommisjeledenfoar de FNP yn Achtkarspelen



2022 FNP Fryslân - Disclaimer