Bydrage IJde van Kammen oan de sprekbuis fan de Feanster krante

noflik wenje yn Achtkarspelen.

Wêr kinne we, en wa mei noflik wenje yn Achtkarspelen.

De wenningmerk stiet ûnder druk yn ús lân, fraach en oanbod binne net mear yn ferhâlding.  

De prizen fleane omheech en it oantal besichtigingen foar te keap steande wenten is faaks net te leauwen.

Faaks wurd de fraachpriis ek noch oerbean mei grof jild.

 

Yn Fryslân en yn  ús eigen gemeente is dit net oars, minsken mei in lytse en gemiddelde beurs komme hast net oan bod.

Trochstream is der eins net mear.

Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa'n tsien jier lyn,

efterôf te foarsichtige prognoazes fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing dy't soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes,

de ferkeap fan hierwenningen. Fraach en oanbod komme net mear by-inoar.

 

Nijbou kin in opsje wêze , mar dan moat der wol romte foar wêze.  Binnen de beboude kom binne der yn sommige doarpen noch mooglikheden

mar wêr dat net it gefal is sil der útwreiding fan bou lokaasjes komme moatte.

Dit moat neffens de FNP nei fraach en ferlet en moat ynpast wurde yn it lânskip.

 

Foar de hiermerk jild itselde. Gjin leechstân, lange wachtlisten en kinst eins gjin foarkar foar strjitte as wenplak mear hawwe.

Wat we wol sjogge is dat der mear âldere hierwenten ôfbrutsen wurde dan dat der nije bykomme.

De FNP fynt dat hjir bettere ôfspraken oer komme moatte tusken gemeente en wenningstichtingen.

 

Ek is der ûnder de wenningstichtingen net folle animo om sosjale hierwenten te bouwen yn de lytsere doarpen.

Net allinnich ús ynwenners mar ek foar de statushâlders moat der wenromte wêze,  dizze minsken,

faaks húshâldingen hawwe ek rjocht op noflik wenjen.

 

De gemeente hat yn de doarpen in doarpetoer holden, der binne ek fragen oer it wenjen steld.

Oer de útkomsten wienen de ûndersikers noch al ferbjustere

de jongerein en de âlderein woenen graach yn eigen doarp wenjen bliuwe.

 

De FNP wie dit al jierren bekent. Wy fine it dan ek hiel frjemd dat it gemeentebestjoer in djoer ûndersyk nedich hat om dat te witten te kommen.

 

Wat is der de lêste jierren troch it kolleezje besteande út CDA , GBA en CU oan dizze problematyk dien.  NEAT.  

In wenfyzje sûnder grutte ambysje, in bou programmearring wer lang net elkenien har yn fine kin.

Projekten dy fêst rinne en dochs de foarkar hâlde, wylst der plannen binne dy grutte kâns fan slagjen hawwe,

dy't oan de kant reage wurde. Sis it mar??

 

Wy komme as FNP net allinnich foar Achtkarspelen mar ek provinsjaal mei oplossingen.

De FNP hat moandei in fyzjestik en oanfalsplan iepenbier makke.

Ofrûne sneon binne de riedsfraksjes, it Haadbestjoer en de Steatefraksje by inoar west en is der in klap op it stik jûn.

 

Downloads:

Folder 'Wenje yn Fryslân'

FNP Oanfalsplan Wenjen

EFA-moasje oer wenjen 

 

Wenje wêr't wy wenje wolle, thús yn Fryslân!  FNP

 



2021 FNP Fryslân - Disclaimer