Skriftlike fragen FNP De Harkema

Feiligens krúspunt Reitsmastrjitte en de betonwei

Nei oanlieding fan ús soargen en fragen yn jannewaris 2021, foar de fragen sjoch hjir 

hat de FNP fraksje Achtkarspelen no yn septimber wer fragen steld oangeande de gefaarlike krúsing

 

Datum: 22 septimber 2021

 

Underwerp: Feiligens krúspunt provinsjale wei N369 mei de Reitsmastrjitte en de betonwei

 

Achte kolleezje, Op 12 jannewaris 2021 hat de FNP Achtkarspelen fragen steld oer de feiligens

fan it krúspunt provinsjale wei N369 mei de Reitsmastrjitte en de betonwei.

 

Op 2 febrewaris hat it kolleezje antwurde dat se it mei ús iens binne dat it in gefaarlike krúsing is.

It kolleezje jout yn de beäntwurding ûndermear oan dat der yn oparbeidzjen mei de provinsje sjoen

wurde sil nei de feiligens en de ferkearsbewegingen op dit krúspunt.

 

Troch de koroanapandemy hat it minder drok west op de wegen. As der yn dizze perioade ûndersyk west hat,

soe der in ferkeard byld foarme wêze kinne.

 

De FNP-fraksje Achtkarspelen hat dêrom de folgjende fragen oan it kolleezje.

 

1. Hat der oerlis west mei de provinsje oer it krúspunt N369?

2. Sa ja, wat binne de útkomsten fan dat oerlis?

3. Hat der yn dizze perioade ek ûndersyk west nei de feiligens en de ferkearsbewegingen?

4. Sa ja, wat binne dan de útkomsten dêrfan?

5. Is it kolleezje it mei ús iens dat der troch de koroanapandemy miskien net in goede byldfoarming wat drokte en feiligens oanbelanget plakfûn hat?

6. Is pleatslik belang Harkema ek belutsen by dizze útkomsten?

 

Ut namme fan de FNP-fraksje Achtkarspelen Hr. IJ. van Kammen



2021 FNP Fryslân - Disclaimer