Nei jierren striid - Gjin Bio fergister op de Tille

FNP bliid mei dizze boppeslach

Einliks kin it boek Bio fergister Koatstrertille slúten wurde.

 

Wat hawwe wy as FNP yn goed oparbeidzjen mei de oare partijen en pleatselik belang Koatstertille in soad tiid en enerzjy yn setten om dit te kearen

 

Inkelde foarbylden fan ús oanhâlden

 

Sjoch hjir foar it fragehealoerke fan de FNP Achtkarspelen fan 30 novimber 2017 

Sjoch hjir nei de skriftlike fragen fan de Steatefraksje FNP fan 15 maart 2019

Sjoch hjir foar de skriftlike fragen fan de FNP Achtkarspelen fan 25 maart 2019

Sjoch hjir foar de skriftlike fragen fan de FNP Achtkarspelen fan 3 maart 2020

 

 

berjocht Omrop Fryslân  

 

Der komt definityf gjin biofergister by Koatstertille.

Mear as tsien jier lang wie dat it plan, mar de grûn is no kocht troch it Tilster bedriuw Stertil.
Dy wolle de grûn brûke om yn de takomst mooglik út te wreidzjen.

Stertil sit al jierren oan de Westkern yn Koatstertille, dêr't de biofergister ek komme soe.

It bedriuw makket dêr ûnder oare hefbrêgen.

Der wie in soad te dwaan oer de plannen foar de biofergister:
omwenners wienen benaud foar oerlêst en seagen leaver dat de fergister fierder fan it doarp ôf komt te lizzen.

Yn 2010 wie in fergunning ferliend om in biofergister op de Westkern te bouwen.
Achtkarspelen prate sûnt 2013 mei Universal Energy Solutions (UES) en hat it perseel yn 2018

ferkocht oan in dochterbedriuw fan UES, Groengas Westkern Beheer.

In betingst wie dat it projekt yn maaie 2020 klear wêze moast.
Weromkeapproseduere hoecht net mear

De lêste jierren soe de bou fan de biofergister ferskate kearen begjinne, mar dat kaam der nea fan.
De gemeente ferskode de deadline nei 1 novimber 2020, mar dat slagge ek net.

Yn desimber ferline jier is de gemeente begûn mei in weromkeapproseduere,
mar no hat it memmebedriuw fan Stertil de grûn oerkocht fan Groengas. Doe is de weromkeapproseduere ek stillein.

Boarne : Omrop Fryslân



2021 FNP Fryslân - Disclaimer