Beneamingen fan de ferskillende ôfdielingen binnen it gemeentehûs meikoarten ek yn it Frysk ?

Wethâlder Max de Haan: ‘As gemeente ha wy in foarbyldfunksje'

Besikers fan it gemeentehûs yn Bûtenpost wurde tenei yn it Frysk wolkom hjitten.

Deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Max de Haan en boargemaster Oebele Brouwer

ha freed 7 maaie nije Fryske buorden ûntbleate by de publyks- en personielsyngong.
De Fryske taal is al op in soad plakken sichtber yn de gemeente Achtkarspelen,

ûnder oaren op buorskipbuorden. Ek by fytsrûtes lâns binne buorden pleatst mei Fryske gedichten.

 

Wethâlder Max de Haan: ‘As gemeente ha wy in foarbyldfunksje. Troch it pleatsen fan de buorden

by it gemeentehûs ûnderstreekje wy nei besikers en ús personiel ta dat wy de Fryske taal belangryk fine.'

It Frysk moat neffens de provinsje Fryslân mear en dúdliker te sjen wêze yn it deistich libben.

‘De provinsje wol de Fryske taal mear sichtber meitsje. It inisjatyf fan Achtkarspelen stypje wy dêrom fan herte',

sa seit deputearre Sietske Poepjes. Boargemaster Oebele Brouwer is ynnommen mei de nije buorden.

 

‘Frysk is yn ús gemeente hiel fansselssprekkend. It is moai om dat by de yngong sjen te litten.

De mooglikheid om dat mei subsydzje fan de provinsje te realisearjen is in boppeslach.'

 

De FNP is hiel bliid dat de grutskens op de Fryske taal en de sichtberens ek breed stipe wurd troch de oare politike partijen.

 

No't wethâlder Max de Haan him no sa goed bewust wurden is fan it belang fan it Frysk, kin it neffens de FNP net lang mear duorje

dat de beneamingen fan de ferskillende ôfdielingen binnen it gemeentehûs fansels ek meikoarten yn it Frysk feroarje.

 

Dit kin yn koroanetiid útfierd wurde, sadat net ien der oerlêst fan hat.

As it gemeentehûs wer gewoan iepen is, sjogge de besikers dat de sichtberens der echt is en dat it Frysk net by de foardoar ophâldt. 

 

De FNP sil mei it foarstel fan nammeferoaringen komme om wethâlder Max de Haan te stypjen yn syn striid foar de foarbyldfunksje fan it Frysk.

 



2021 FNP Fryslân - Disclaimer