Sprekbuis "de Feanster" Heil út Hollân

Achtkarspelen wurdt € 2,3 miljoen per jier koarten troch Den Haach

Heil út Hollân

 

Den Haach hat wer in nij idee om de Rânestêd noch riker te meitsjen.

Elke gemeente yn Nederlân kriget jild út Den Haach om dingen te dwaan. Dit hjit it gemeentefûns.

In part fan alle belestingjild fan Nederlân wurd dan ferdielt oer de gemeenten yn Nederlân. 

 

Dat gemeentefûns wie eins al net tarikkend foar de Fryske gemeenten wêrûnder Achtkarspelen mar it giet no noch mâler.

It kabinet wol dit fûns "herijken". En as jo wurden hearre as "herijken"as "hervormen" dan moatte jo wach en by de les wêze.

Dit binne moaie Haachske wurden foar besunigjen.

 

En lit it no net in ferrassing wêze dat de Noardlike provinsjes en foaral Fryslân koarte wurde en de gemeenten

yn de Rânestêd provinsjes der in bulte jild by krije. Fan alle gemeenten yn Fryslân is Achtkarspelen it alderminste ôf.

Wy wurde € 83 per ynwenner koarte.Dat is in grouwe 2,3 miljoen euro per jier.

 

De FNP kaam drekst yn aksje yn Achtkarspelen mei in moasje (oprop) om dizze idioate plannen te stopjen.

Nei ynhâldlike oanfollingen fan ús kollega partijen yn de ried fan Achtkarspelen, koene we der in mienskiplike moasje fan meitsje.

 

De ried fan Achtkarspelen komt dus as gehiel yn ferset tsjin dizze deastek fanút Den Haach. Prachtich moai. Mar dan it ferset.  

Foar de iene partij sil dat makliker wêze as foar de oare. Foar ús as FNP sil it muoilik wêze om't wy net yn de twadde keamer sitte,

mar as provinsjaal gehiel kinne we noch in fûst meitsje. Mar foar it CDA en Christen Unie en de VVD yn de ried fan Achtkarspelen

is it noch swierder. Want wa hawwe dizze plannen betocht yn Den Haach. It CDA, Christen Unie, VVD en D66.

It is wol wat as je yn Achtkarspelen en yn Fryslân dizze partijen fertsjinwurdigje moatte dy neat mei je op hawwe

en je net foar fol oansjogge.

 

Den Haach hat mar ien doel: "verdeel en heers". Sy knipe ús sa bot ôf dat sy ús harren wil noch fierder oplizze kinne.

Sy wolle Achtkarspelen sa útknipe , dat wy wol opgean moatte yn in grutte fúzje, bygelyks mei Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.

Dan stiet de ried bûtenspul om't je sa'n grut gebied net bestrike kinne as folksfertsjintwurdigers en dan hawwe je as Den Haach noch mear macht.

Wy moatte smeke om in pear sinten en binne oerlevere oan Hollân.

As je sjogge dat fan de 150 keamerleden hast 100 út de Rânestêd komme, dan is it ek logysk, dat dit bard.

 

Grutte bedriuwen lykas KLM krije miljardenstipe en Booking.com hat hûnderten miljoenen krige. fanút Den Haach is dat blykber gjin probleem.

Booking.com: dat bedriuw dat hotels útknypt , miljarden opstrykt oan belastingkonstruksjes en al jierren eigen oandielen ynkeapet

om de oandielhâlders te skewielen. Mar wer is de grutte stipe foar ús MKB, ús gemeenten, ús Fryslân.

De lytse man wurdt opoffere foar it grutkapitaal en kriget yn ferhâlding neat.

 

As Friezen hoege wy gjin heil te ferwachtsjen fan Hollân, de lanlike kopstikken en lanlike politikepartijen.

Sy belove ús no mei de ferkiezingen, treinferbings, mear jild en oandacht foar taal en kultuer. mar leau se net.

Nei de ferkiezingen fan 17 maart sitte se wer feilich op it binnenhof en binne se de Friezen wer fergetten.

Dat is net nij, Dat is al mear as 500 jier sa.

Dit is de FNP belofte. Stride foar mear selsbeskikking en foech foar Fryslân.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer