Acht kolleezje,
Yn de media fan de lêste wike fan febrewaris wie skokkend nijs te lêzen
Dat blykt út in ûndersyk fan Pointer en Follow the Money nei de jierrekkens fan soarchbedriuwen
(dy't publisearre binne troch it ministearje fan VWS) .
Út dat ûndersyk komt nei foaren dat soarchbestjoerders yn de geestlike, beheinden- en thússoarch
harren sels ryklik beleanne hawwe oer 2019. Lanlik giet it om 102 soarch bedriuwen en 25,1 miljoen euro
dat mei ynstimming fan de ried fan kommissarissen útkeard is. By Fryske soarchbestjoerders
giet it om in bedrach fan mear dan 8 ton by fjouwer bedriuwen.
Dit jild is neffens demissjonêr Minister de Jonge bedoeld foar de soarch.
Winstútkearingen wurde net meirekkene by de Wet Normering Topinkomens,
dêrtroch kin in soarchbestjoerder neist syn al riante ynkommen - mei goedfinen fan de ried fan kommissarissen-
ek in winstútkearing krije. Sa is it foar de soarchbestjoerders mooglik om binnen in pear jier miljonêr te wurden.
Yn Fryslân giet it om ‘Bijzonder Zorgenkind' út Surhústerfean, Aardema Thuiszorg út Nijehoarne, Bos en Meerzicht
Verzorgd Wonen út Aldemardum en Friesland Begeleid Wonen út it Hearrenfean.
De FNP fynt it ferskriklik dat jild, dat bedoeld is foar de soarch yn de bûsen fan bestjoerders ferdwynt.
Wat de FNP ek net begrypt is dat der blykber 102 rieden fan kommissarissen binne dy op dizze saken tafersjoch hâlde moatte
en dizze útkearings blykber hiel normaal fine.
Wy ha hjir dan de folgjende fragen oer:
1. Kloppet it dat bestjoerders fan 4 fryske soarchbedriuwen harren sels ferykt ha mei jild dat bedoeld is foar de soarch?
2. Ha wy as Achtkarspelen/provinsjebreed yn Fryslân in kontrakt mei ‘Bijzonder Zorgenkind' út Surhústerfean?
3. Ha wy as Achtkarspelen/provinsjebreed yn Fryslân kontrakten mei de oare 3 bedriuwen dy't neamd wurde?
4. Sa ja en as boppeneamd kloppet dat tefolle dividint oan bestjoerders útkeard is,
is it kolleezje it dan mei ús iens dat hjir optreden wurde moat?
5. As der optreden wurd, wurde dan ek de rieden fan tafersjoch meinaam?
6. Hoe sil it kolleezje dit dan oppakke?
Nammens de FNP fraksje Achtkarspelen
Maaike Dotinga - van der Veen