Okkerdeis stie der in aardich stik yn de LC (freed 26 febrewaris 2021),
mei as titel ‘Geef ons de ruimte om te bouwen'.
Yn it stik lei lid fan de inisjatyfwurkgroep wenjen Bûtenpost de hear Auke Attema út
wat it belang fan bouwen op de doarpen is.
In moai stribjen. Mar mei de oprop ta mear desintralisaasje slacht Attema wat it tema wenjen
oangiet folslein de planke mis.
Ien tillefoantsje nei it kolleezje fan Achtkarspelen hie dat dúdlik meitsje kinnen.
Mar it kolleezje liket mear op in dûkboat. Fuortrinne fan eigen ferantwurdlikens,
mar wol mei it fingerke omheech nei in
oare oerheidslaach.
Yn it krantestik skriuwt Attema noch oer wenkontinginten en in sterk regulearjende
provinsje.
It is in idee dat mar min fuort te krijen is. Al jierren besteane der gjin wenkontinginten mear.
Sterker noch: de gemeente giet der foar it grutste part sels oer wêr't de wenten boud wurde.
As ús ynformaasje kloppet, dan kin Achtkarspelen moarn fuort en daliks al 250 wenten bouwe.
Wy hawwe as FNP fraksje it kolleezje al meardere kearen frege om dy ynformaasje iepenbier
te meitsjen oan de gemeenteried.
In antwurd bleau út. Mar it fingerke giet stelselmjittich
omheech nei de provinsje.
Yn de LC fan in dei earder (25 febrewaris 2021) waard dúdlik dat der yn Fryslân
yn totaal
sa'n 13.500 wennings moarn al fuort en daliks boud wurde kinne.
De gemeenten wurde neffens it stik op it stuit oanskreaun troch de provinsje om dy sifers
ek iepenbier te meitsjen.
De fraach dy't eltse folksfertsjintwurdiger yn hokker gemeenteried dan ek oan it kolleezje stelle moatte soe,
is wêrom't dy wennings der noch net binne? Mei oprinnende huzeprizen, in tekoart oan wennings,
en ferkringing op de wentemerk is it net oan ús jongerein en ús ynwenners te ferkeapjen
dat de rom 250 wennings yn Achtkarspelen der noch hieltyd
net stean.
It koälysje-akkoart fan Gemeentebelangen Achtkarspelen, ChristenUnie
Achtkarspelen en CDA Achtkarspelen
sprekt fan ‘Mei-inoar trochpakke'.
Wy roppe dêrom op, meitsje de sifers ynsichtlik en bou dy 250 wennings, ferspraat oer alle doarpen
yn ús gemeente.
Oars komt fan mei-inoar trochpakke net folle mear as mei-inoar labbekakje.
FNP fraksje Achtkarspelen