Opinystik: Pleinnammen Surhústerfean

Wannear hâldt de skamte foar it Frysk einliks op?

No krije wy as gemeenteried fan Achtkarspelen wer in riedsstik ûnder eagen dêr't je anno 2021 noch hieltyd moedeleas fan wurde. It plan is om trije parkearterreinen nei de werynrjochting fan it sintrum fan Surhústerfean nammen te jaan. Mar de nije pleinnammen wurde Nederlânsktalich. Us strjitnammebelied yn Achtkarspelen fanôf 1996 is maklik: nije nammen = Frysktalich.

 

Yn 2018 wie de iennichste kear dat der in útsûndering op it belied wie. Dat gie om de strjitnamme ‘IJsvogel' yn Surhústerfean, om't dat in nije strjitte yn de fûgeltsjebuert wurde soe dy't fan eartiids út ek kompleet Nederlânsktalich is. It kolleezje joech oan dat it ûnbewust bard wie.

Ik haw de argiven efkes troch west en it is hielendal net ûnbewust. Lykas yn 2018 wol Pleatslik Belang Surhústerfean ek no gjin Fryske nammen. De Stichting Oud Achtkarspelen folget beide kearen en dit kear is Handel en Industrie Surhústerfean ree fûn om hjiryn mei te dwaan. It kolleezje nimt it wer samar oer sûnder blykber nei de ûnderbouwing te sjen. 

 

Fan ûnderen op binne wy as FNP hielendal foar, mar dan wol mei arguminten.

Yn it brief fan Pleatslik Belang Surhústerfean en H&I wurde de arguminten foar Nederlânske nammen jûn en dizze binne dus ien op ien oernaam troch it kolleezje. De útlis is teannenkrûmjend:

 

Fries fout gespeld

‘IJsbaanplein is in het Fries: IIsbaanplein, waarbij het lijkt dat de naam foutief gespeld is. Touwbaanplein is in het Fries: Toubaanplein, waarbij het lijkt dat de naam foutief gespeld is. Zuivelplein: in het Fries Molkfabryksplein; de naam is dan te lang voor een duidelijke vermelding op de verwijsborden.' 

‘Het verzorgingsgebied ligt voor de supermarkten op ongeveer 10 km rond Surhuisterveen. Veel van de overige winkels hebben een nog groter verzorgingsgebied. Een flink gedeelte ligt in de provincie Groningen. Deze kopers spreken over het algemeen geen Fries.'

 

As wy alle kearen fan it stelde belied ôfstappe mei sokke betochte en sochte redenen, dan hoege wy as ried net iens te begjinnen oan ús nije kultuernota. Mar hoe ferheard seach ik op fan de digitale gearkomste oer de kultuernota ôfrûne tiisdei. Dan seit de ferantwurdlik portefúljehâlder dy't ek oer it strjittenammebelied giet, dat de Fryske taal sa belangryk yn ús kultuer is en dat wy dêrfoar stean moatte!

 

As wy dit stik leauwe meie, dan tinkt elkenien by it Frysk op in buordsje oan staveringsflaters. De minsken kinne Surhústerfean ek net mear fine en de minsken út it Westerkertier einigje fan betizing yn Surhuzum of op de IIsbaan fan Stynsgea. Wat in ûnderskatting fan de minsken út it Westerkertier. Jo moatte ris witte hoe betûft oft de measte minsken út it Westerkertier yn it Frysk binne.

Zuivelplein heart Suvelplein te wurden. Hoe krije je it dan yn de holle om dêr Molkfabryksplein fan te meitsjen. Dit is mei opsetsin ferkeard oerset, want dat kinne je as betochte reden sizze dat it wurd net op it nammebuordsje past.

Der binne hast tsien strjitten mei méár letters yn Surhústerfean. Dus de reden dat it net op in buordsje past, is ek wer net te leauwen.

 

Nim in willekeurich doarp yn it Westerkertier as Gruttegast, mei strjitnammen as: De Klinckert, De Schalck, De Roe, Eiber, Lignelaan, Tweemat. Binne dat dan ek strjitten dy't lykje as binne se ferkeard stavere? Kinne wy Gruttegast no net mear fine? It Vleckehûs, Koartwâld en swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean binne bygelyks dochs ek te finen foar de minsken?

Ek de reden dat it tsjin en tusken Nêderlânske strjitnammen oanleit, is net wier. It Iisbaanplein leit tsjin de Baansein en de Hurdrider en it Toubaanplein leit tsjin de Nije Jirden.

 

Mei ús nije Frysktalige buorskipsbuorden hawwe wy sjen kinnen, hoe't ús taal en unike kultuer troch ús ynwenners en minsken fan bûten wurdearre wurde. 

Der binne sels noch ekstra oanfragen út buorskippen wei west dy't net beneamd wiene. Frysk is gjin bedriging, it is in kâns.

 

As der sa maklik fan it hjoeddeistige fêststelde belied ôfstapt wurdt, dan ferwachtsje wy as FNP dit jier ek alle stipe wannear't bygelyks Twizel mei in útstel komme sil dat it doarp gjin Twijzel mear hjitte wol. Want de minsken tinke by Twijzel dat it in ‘spelfout' is en Twijzel is folle langer as Twizel en past eins net op it plaknammeboerd. En alle strjitten yn Twizel binne Frysktalich, dus Twizel past dêr folle better by. En dan al dy minsken dy't al jierrenlang om Twizel sykje om't se in túnhúske of twaddehâns auto hawwe moatte. Sy binne noch altyd sykjende om't it net te finen is, sy ride bygelyks no yn it doarp Twizel op Nij Seelân om. It is ferskriklik.

 

Taaldiskriminaasje

Dit yn it achterlike lûken fan de Fryske taal moat no ris ophâlde. En kom dan net mei dizze achterhelle, byinoar sochte redenen oan, om dizze taaldiskriminaasje dertroch te drukken. Fan dit jierren-santich- en -tachtich-tinken en -gedrach moatte wy as FNP neat hawwe. 

De Fryske taal fertsjinnet in folweardich plak yn ús gemeente en is net in suertsje by de boadskippen. Dat der Friezen binne dy't sa yn de holle kolonisearre binne troch Hollân en De Haach en harren oangeande it Frysk sa minderweardich fiele en opstelle, is net bêst. Wy as FNP binne wol grutsk op ús taal en kultuer en sille nea yn dy skamte foar it Frysk meigean.

Wy hoopje op in brede stipe fan de oare politike partijen yn ús ried en dat der moaie Frysktalige pleinen komme meie.

 

Tjibbe Brinkman is FNP-riedslid yn Achtkarspelen

 

Neibrâner:  op 18 febrewaris 2021 hat de ried unanym foar de moasje fan de FNP stimt om de Fryske pleinnmammen fêst te stellen.   



2021 FNP Fryslân - Disclaimer