Feiligens Krúspunt Reitsmastrjitte en N369 De Harkema

FNP stelt fragen oer oanpak krúspunt

Skriftlike fragen op grûn fan Oarder, artikel 44

 

De Harkema 11-01-2021

 

Underwerp  : Krúspunt Reitsmastrjitte en N369

 

Acht kolleezje,

 

De steatefraksje fan de FNP hat yn gearwurking mei pleatslik belang fan De Harkema fragen

steld oer de feiligens fan it krúspunt provinsjale wei N369

mei de Reitsmastrjitte en de Betonwei yn De Harkema.

  

Dit is in drok krúspunt, foaral yn de spitsoeren is it dreech om fan út rjochting De Harkema,

oansluting te krijen op de N369.

Der binne de lêste jierren ferskate ûngelokken west. Pleatslik belang fan De Harkema 

wol graach dat dit krúspunt oanpakt wurdt om dêrmei de feiligens en de trochstreaming te ferbetterjen.

 

It binne einliks twa krúspunten , ien mei de provinsjale wei en de oare  is in gemeentlik krúspunt mar

wol deun op inoar en dêrtroch min oersichtlik.

 

De fragen fan de steaten fraksje binne as bylage taheakke

  

Nei oanlieding fan it boppesteande hat de FNP fraksje Achtkarspelen de folgjende fragen:

  • Is it kolleezje it mei ús iens dat it hjir giet om in gefaarlik krúspunt?
  • Is it kolleezje op de hichte fan de soarch fan pleatslik belang De Harkema oangeande de ûnfeiligens fan dit krúspunt?
  • Is it kolleezje op de hichte fan de fragen dy de steatefraksje fan de FNP steld hawwe oan DS?
  • Sa ja, hat it kolleezje hjir oer al yn oerlis west mei de provinsje?
  • Sa net, is it kolleezje ree om dit as noch op te pakken rjochting provinsje?
  • Is it kolleezje ree om by útfiering fan de plannen jild hjir foar beskikber te stellen?

   

 

nammens  de FNP-fraksje Achtkarspelen,

 

IJde  van Kammen



Downloads:
Skriftelike fragen oer it krspunt n369 mei de reitsmastrjitte.doc
20201218 skriftlike fragen FNP oer gEFAarlike krusing harkema Steaten fraksje.doc


2021 FNP Fryslân - Disclaimer