Sprekbuis "de Feanster" troch Tjibbe Brinkman

Net te leauwen

Ik bin opbrocht yn in Nederlânsk Herfoarme húshâlding en haw it leauwen fan hús út en op skoalle aardich meikrigen.

No bin ik nea in tsjerkerinner wurden mar haw ik al mear as hûndert tsjerken besocht as toerist.

De bibelferhalen en de byldspraak der achter fûn en fyn ik altyd prachtich.

 

Okkerdeis hiene we de begrutting fan ús gemeenteried en nei de tiid wie ik sa teloarsteld en fielde it sa machteleas oer wat dêr besluten waard.

Doe kaam my it bibelferhaal fan 2 Samuel 12 dreks nei boppe.  It giet sa:

 

"der wiene yn in stêd twa mannen. De iene wie ryk en de oare wie earm.  De rike man hie in soad skiep en kij. De earme man hie neat.

Allinnich mar ien lamke dat er kocht hie. It groeide by him op, mei syn bern. It iet fan syn panne, dronk út syn beker en slepte by him op skoat.

It lamke wie krekt in bern foar him. Op in kear krige de rike man besite. Hy fûn it skande om ien fan syn eigen skiep of kij foar syn gast te slachtsjen.

Dêrom naam hy it lamke fan de earme man en makke dat klear foar syn gast."

 

Hoe komt Brinkman derby sille jo wol sizze. No yn Achtkarspelen hawwe we 11 moaie doarpen dy't elk jier in pear sinten

fan de gemeente krije foar harren mienskip. € 4500 euro per doarp.

Alle doarpen krije ek in lyts bytsje jild foar it sosjaal kultureel wurk foar ús bern, likernôch in lytse € 1000 foar in lyts doarp, de gruttere doarpen wat mear.

Op in begrutting fan mear as 80 miljoen stelt it neat foar. En no komt it; der moat besunige wurde.

En RARA wat wurdt as earste ôfpakt. It lyts bytsje jild dat nei ús doarpen en mienskippen giet.

It CDA, CU en GBA wiene krekt sa "medogenloos"as de rike man.

 

Wy as FNP hawwe foar ús doarpen fochten mar der wie gjin ferwin op. Trij wike nei dizze besunigings, wurdt troch it CDA, CU en GBA noch wol efkes 

€ 500.000 beskikber steld om de yngong fan de Kuperswei yn Bûtenpost te "ferfraaien".

Mar ditsoarte saken moatte by dizze partijen foaral trochgean.

It CDA is de grutte baas en de CU en GBA hawwe de ôfrûne jierren neat oars dien as ynhâldsleas folgje. It fingerke op kommando omheech prinsipe.

 

Al jierren wurdt der troch CDA,CU en GBA slompen jild fuortsmiten. in pear foarbylden

  • De iene nei de oare djoere manager wurd ynhierd foar € 100.000 + leanen per persoan per jier. De topper hie € 80.000 euro per jier foar 16 oeren yn de wike
  • De djoere ûndersyksburo's rinne de doarren plat. Safolle minsken yn hûs en dan noch altyd ynhiere. En sy hawwe gjin € 25 yn de oere, kin ik jo wol sizze.
  • By dizze partijen wurd wangedrach beleane, as je as direkteur ûntslach krije om't je in relaasje begjinne op de wurkflier dan krije derfoar as tank € 65.000 mei. As it aanst noch mâler giet komt dêr noch € 380.000 by.

Al dy fergriemerij moat betelle wurde. En dan soene je sizze as je noch in greintsje etysk besef hawwe, Wat kinne wy op de gemeente, as op ússels besunigje?

Mar dizze fraach wurdt net troch dizze partijen steld. De dikdakkerij op de kantoaren moat foaral trochgean. 

Nee de OZB belesting giet mei 10 % omheech dit jier. Jo draaie der wer foar op.

 

Wy hawwe as FNP miskien gjin C yn ús partijnamme lykas it CDA en CU, mar yn de praktyk binne wol wy in partij dy't om ús minsken, mienskip en doarpen jout.

Nei dizze begrutting is my dúdlik wurden dat de C by dizze partijen ek allinnich mar in letter is. Yn de teory hiel korrekt, yn de praktyk "net te leauwen".



2021 FNP Fryslân - Disclaimer