Fryslân: Gjin aksje FNP rûnom karbydsjitten dit jier

Nei oanlieding fan fragen fan ûnder oare de Feilichheidsregio Fryslân makket de FNP nochris bekend dat de partij moarn, op âldjiersdei gjin aksjes rûnom it karbydsjitten hâlde sil.

It is in jierlikse tradysje dat de FNP op ferskate plakken yn Fryslân by groepen karbydsjitters del giet. Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Mei de oprinnende koroanasifers en de strikte rigeljouwing is dat op it stuit gjin goed idee. Wy kinne de Feilichheidsregio gerêst stelle: minsken sille troch ús gjin boete krije. Ein 2021 binne wy der wer by!'

 

 Yn Fryslân binne 370 fergunningen oanfrege. De FNP is bliid dat it karbydsjitten dit jier trochgean kin. Sijbe Knol: ‘wy  hawwe betrouwen dat de jongerein goed yn steat binne om dat feilich en neffens de noarmen te dwaan. Wy roppe nochris op: tink goed om elkoar en sprek elkoar ek oan at it nedich is. '



2021 FNP Fryslân - Disclaimer