Besunigje

Sprekbuis yn de feanster troch Maaike Dotinga-van der Veen

Op it momint fan skriuwen sitte wy tydlik wêr yn in gedieltelike lockdown.

Dit betsjut dat wy as ynwenners net út iten kinne, net nei it tsjerke kinne, ús húshâldingen net yn 1 kear útnûgje kinne ,

net mear swimme kinne of ús bern nei swimles ta bringe ensafuort hinne.

 

Gelokkich is der in hiele soad wat wy noch wol kinne: wy kinne iten ôfhelje by in soad restaurants of ytgelegenheden.

Wy kinne tsjerketsjinsten fia live stream folgje en at jo bern ha dy't net mear thús wenje kinne jo as âlders nei jo bern ta gean.

Wy kinne noch wol sporte of deis in healoere kuiere of fytse. It soe moai wêze as jo de boadskippen en as jo wat iten helje,

dit safolle mooglik yn jo eigen doarp dogge! Alle ûndernimmers ha it muoilik op dit stuit. Lit wy mei-inoar ominoar tinke,

dus ek om troch allinnich steande minsken of sike minsken bygelyks te besykjen, beljen of efkes in kaartsje te stjoeren.

 

Nettsjinsteande de korona giet de polityk gewoan fierder, al is it wol puzeljen bytiden.

 

De riedsgearkomsten en ynformaasjegearkomsten binne noch wol fysyk yn it gemeentehûs.

Moarn ha wy de begrutting 2021 op de aginda. Doe't wy de begrutting seagen sloech de skrik ús om it hert!

 

In struktureel tekoart fan 3 miljoen euro de kommende jierren.

Dat komt mei namme troch it sosjaal Domein mar wis ek troch de keuzes dy't troch dit kolleezje makke wurde,

dêr binne de koälysjepartijen it dan wer hielendal mei iens en stypje dizze plannen.

Dan is der in mearderheid yn de ried en dan sakket jo as opposysje de moed wolris yn de skuon. Mar dat hyt polityk.

 

Broekriem

Hawar wy sille de broekriem stevich oan lûke moatte en de ried sil keuzes meitsje moatte.

Sa stelt it kolleezje (CDA, CU en GBA) foar om yn 2022 de subsydzje oan de Wâldsang stop te setten!

Ynhâldlik binne de FNP en de Wâldsang it hielendal mei-inoar iens! HANNEN OF FAN DE WALDSANG!

 

Sa hat de FNP der yn it ferline yn stien en hjoed de dei noch. As hoeders fan ús kultuer, fynt de FNP dit ferskriklik en beskamsum.

Wy sille hjir mei de PvdA in moasje oer yntsjinje. Dêryn wurdt it kolleezje opdroegen

om ôf te sjen fan fan elk foarnimmen om te besunigjen op de Wâldsang.

Mar it is de fraach as dizze in mearderheid kriget. Want de koälysje partijen ha ek in moasje makke,

net om te besunigjen mar om mei ferskate partijen yn petear te gean en dan moat it kolleezje foar de kadernota

mei in foarstel komme wêrby it muzykûnderwiis feilich stelt wurdt foar allinnich de jeugd. No wy sille it moarn sjen.

 

It kolleezje wol ek dat de subsydzje oan it Sosjaal Kultureel Wurk, Pleatslik Belangen stopsetten wurdt.

Dêr sil de FNP mei in moasje/amendemint komme om dizze subsydzjes net te stopjen.

It is foar de doarpen tige wichtich dat der troch frijwilligers aktiviteiten organisearre wurde foar jong en âld.

Dêr moat dan wol in budzjet foar wêze. Dat der besunige wurde moat is needsaaklik en wy sille besluten nimme moatte dy't sear dogge.

Fanôf dit plak winskje ik ús as ried in soad wiisheid ta.



2021 FNP Fryslân - Disclaimer