Excuses NDC foar wegerjen Frysk yn De Feanster

Der komt noch in petear mei de FNP en NDC

Reaksje NDC

 

Ik nim de frijheid om jo te mailen oer de konsternaasje dy ûntsien is oer de Frysktalige bydrage fan de FNP foar us Feanster.

Der bestiet gjin inkele twifel by de redaksje oer it belied oangeande it Frysk.

De krante fiert in twatalich belied. Dat wie was, dat is sa en dat bliuwt sa. 

Dat jim troch us mail  in oare yndruk krigen hawwe, kin ik my yntinke.

En dat spyt my tige. Lykwols, oeral wurde fouten makke. Wannear't wy in fout sjogge - of der op wiisd wurde -

werstelle wy dat sa gau as mogelik. Dat hawwe wy yn dit gefal ek dien troch justerjûn fuortendaliks aksje te ûndernimmen.

 

Us belied is dat de krante skreaun wurdt yn't Nederlandsk. Dy jinge dy't Fryske sprekke, sitearje wy yn't Frysk.

Yn guon gefallen wike wy ôf. Dat is bygelyks it gefal wannear it ûnderwerp de Fryske taal of kultuer oanbelanget.

Dan kin de redaskje it ferhaal yn't Frysk skriuwe. Ynstjoerde stikken dy't foar rekken komme fan de ynstjoerder en yn't Frysk steld binne,

sille wy ek sa pleatse. Der is gjin reden om it belied te feroarjen.

 

Ik hoopje dat dizze utliz dúdlikheid  jout oer wy as redaksje tsjinoer it Frysk steane.

Dêrnjonken nim ik de frijheid om jo te skiljen. 

 

Likernôch freegje wy ús as FNP wol ôf wêr de tekst dy wy tastjoerd krigen as reaksje op ús artikel samar weikomt.

 

dank! even een lastige, we plaatsen geen volledig Friestalige artikelen (meer), hooguit met bijv. citaten of specifieke woorden.

Belangrijkste reden is dat niet-Friezen, maar zelf veel Friestaligen, niet of moeilijk Fries kunnen lezen/schrijven (bron: Taalatlas).

En we willen een krant voor iedereen zijn. Ik wil evt. wel de Friese versie op de site plaatsen.

 

Kin eltse meiwurker by de NDC samar syn/har eigen belied meitsje of is dit wol it steande belied.

Hjir sil yn it petear fan de FNP mei de NDC dúdlikens oer komme moatte.

 

 



2020 FNP Fryslân - Disclaimer