FNP Achtkarspelen wol opheldering oer ûnrêst bistemishanneling Bûtenpost

"Bedrigings en fernielings"

De FNP Achtkarspelen hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer it bistedrama dizze wike op it Nordwin College yn Bûtenpost.


 

Op de skoalle waarden snein meardere bisten mishannele en deaslein. Yn de rin fan de wike hat de plysje dêr trije minderjierrigen foar oanhâlden.

 

De FNP freget ûnder oare oft it kolleezje op de hichte is fan it feit dat de died net op himsels stiet, mar dat der mear problemen binne yn de wyk. Sa soene der neffens de FNP ferskate bedrigings plakfine en wurde eigendommen fan minsken fernield. De spanning yn de wyk soe ekstreme foarmen oannimme.

 

 

 

Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44 

 

Datum: 28 augustus 2020

 

Underwerp: ûnrêst yn Bûtenpost

 

Achte kolleezje,

 

Skokt wie de mienskip nei it ferskriklike barren dizze wike op it Nordwin College yn Bûtenpost. Jo kinne der net by dat soks bart.

 

Mar no docht bliken dat dy ferskriklike died net op himsels stiet, mar in útwaaks is fan problemen yn de buerten om it Nordwin College hinne mei Syryske húshâldings dy't al folle langer spylje.

 

It smiten fan stiennen en modderkluten op kij, hûntsjes, katten en fûgeltsjes. Slaan mei stokken op minsken (bern) en bisten. Katten wurde oan de sturt rûnslingere.

 

Buertbern wurde konstant bedrige en letterlik út de boarterstunen yn de buert slein mei stokken. Ek it gersfjild is harren persoanlike eigendom. 

 

Guod en planten fan de buert wurde meinommen en skuttings wurde fernield.

 

Troch it smiten fan modder en stiennen binne auto's skansearre.

 

De binne al kamera's oanskaft. Om't ek de nachtlike besites gjin goed gefoel jouwe. 

 

Mei as lêste drip de tige jonge  bern, 7 oant 10 jier, dy't de ekstreme mishannelingen op harren gewisse hawwe by it Nordwin College.

 

De spanning yn de strjitte/wyk is ekstreem te neamen. De bewenners binne bang foar ferjildingsaksjes.

 

Sa faak hawwe de minsken oanjefte dien, sinjalen trochjûn oan de gemeente en helpferlieners, en dochs koe it gewoan allegear sa trochgean.

 

 

Us fragen:

 

1.    Wie it kolleezje op de hichte dat dy situaasje dêr al in pear jier spile yn dy wyk?

2.    Sa ja, hoe koe dy situaasje sa lang bestean bliuwe?

3.    Wat sil der dien wurde oan de akute stresssituaasje yn de wyk?

4.    Wat is der dien mei alle oanjeften en sinjalen út de buert wei?

5.    Hat der oerlis west mei it COA oer hoe't it der omwei giet?

6.    Wat sil der dien wurde oan dizze groep, dy't mient dat se hjir baas binne?

7.    Wat sil der dien wurde om dit foar te kommen by takomstige nije statushâlders dy't út probleemlannen komme?

8.    Op hokker wize wurdt besluten wêr't in hûshâlding húsfeste wurdt?

 

Ut namme fan de FNP Achtkarspelen,

 

 

Tjibbe Brinkman



2020 FNP Fryslân - Disclaimer