Kadernota FNP 2021

skôging troch fraksjefoarsitter Sake van der Meer

Skôging FNP fraksje oageande de Kadernota fan 2021

 

Tanke wol foarsitter,

 

Foarsitter wy binne  wer in jier fierder en moatte ús útsprekke en ús miening jaan oangeande de kadernota 2021,

en úteraard dogge we dat graach.

 

Foarsitter dit is in kadernota dy't yn syn gehiel oars is as oare jierren;

de krisis hat om him hinne reage en makke alle takomstplannen dy't der in pear moanne lyn noch wiene, hielendal oars.

Sa kinne je sjen dat je kaders stelle en begrutsje kinne wat jo wolle, it kin altyd oars.

Wy hoopje wol dat we noch 65.000 euro dit jier binnen krije as der by immen in moreel ljochtsje oangiet.

  

Fan de FNP wurdt  sein: se jouwe altyd de skuld oan de Haach. En sa as gewoanlik ha we as FNP toch wer gelyk :

It sosjaal domein is in ramp wat budzjetten oangiet, mear wurk en minder sinten.

Ek it gemeentfûns pakt hiel neidielich út foar ús as plattelânsgemeenten.

Wy hoopje dat ús kollega partijen hjir yn de Ried no ek ris de eagen iepen geane dat alles rjochte is op de Rânestêd.

 

De kommende jierren steane net mear yn it teken fan útdielen mar fan besúnigjen.

En útdiele is no ien kear makliker as besúnigjen.

Mar om no as oplossing dan mar gau de gemeenten Tytjerksteradiel en Achtkarspelen, 

dy't yn swier waar sitte, bymekoar te smiten, is neffens ús fiers te koart troch de bocht en foar ús as FNP ûnbesprekber.

Wa 't himsels weismyt wurdt fan in oar net opkrige.

 

De moedfearren net hingje litte, nee deale it boarst foarút, de broekriem oanlûke en oan de slach,

fersoberje, besunigje. Skerper oan é wyn sile by it begrutsjen, de mienskip sels meidwaan litte,

ek yn it sosjaal Domein en folje mar yn.................... Mar foarsitter, 

foaral earst it Ryk oansprekke op syn ferantwurdlikheid en ophâlde mei taken oer te nimmen

as de fergoeding dêrta net tarikkend is.

 

Dêr komt by foarsitter, dat der noch net ien foarbyld west hat fan in fúzje dy't jild opsmiten hat.

En de folksfertsjinwurdiging giet der oan, neffens ús. It soe neffens de FNP al in hiel ein skille,

dat we ris fan de management kultuer en de leuk betochte banen ôfreitsje.

Aanjager hjirre, Bruggenbouwer dêre.

Is der gjin betrouen yn ús personiel dat dy konstant gemannaget, kontrolearre as enthousjasmearre wurde moatte?

En dan leafst troch folk mei in fiers te dik lean. Dêr is in moai soad jild te besparjen en ek ergernis.

Net mei de besúnigings de kofjejuffer, as de strater derút, no marris yn it wat dikkere fleis snije.

 

Mar foarsitter werom nei de ynhâld : de earste yndruk fan ús fraksje wie dat dizze kadernota hiel meager en ambysjeleas is.

It is hast net te behanneljen per programma.

De wichtigste saken binne 5 omûgingslinen en as gefolch dêrfan it meitsjen fan in goeie kar út 1 fan de 4 besúnigingspakketten.

Wy kinne stelle dat finansjeel sjoen de takomst fan Achtkarspelen by ûnferoare belied , der hiel min út sjocht.

Miljoenen tekoarten yn de kommende jierren. Bygelyks 3,8 miljoen euro yn 2021, 3,2 miljoen yn 2022, 2,4 miljoen yn 2023,

Der sil dus flink wat barre moatte om dizze sifers de kommende tiid in goeie draai te jaan.

 

Wy binne dochs wat teloarsteld yn it kolleezje dat hja net echt grutte besunigings-karren meitsje doarre

en dat einlings oerlitte oan de Ried , is ús yndruk . Se jouwe inkeld tinklinen oan foar besúnigingen;

de saneamde 5 ombûgingslinen, wat nei ús miening  net sterk oerkomt.

 

Foarsitter , we ha as FNP fraksje dan ek grutte soargen oangeande de besunigingen

dy't ús de kommende jierren te wachtsjen steane.  

It lanlike regear leit elke kear wer gruttere ferantwurdelikheden by de gemeente del,

mar it jild dat der foar nedich is wurdt fergetten der by te leverjen, mei oare wurden de lanlike problemen

wurde by de Gemeenten dellein.

Dy krije de swarte Pyt, en Den Haag bliuwt bûten skot, sa kinne wy allegear wol regearje.

Wy krije yntusken troch al de besúnigingen de sjit oer ús hinne fanút de mienskip: 

as al de besúnigingen troch geane, kinne wy net mear foldwaan  oan de easken fanút ús mienskip ,de doarpen.

De leafberens komt ûnder druk te stean, en ek it bûtengebeuren 

ús lânskip en natoer, wêr 't we wiis op wêze moatte , komt ûnder druk te stean.

 

As jo sjogge it gemak wêrmei't in KLM byfourre wurdt en tagelyk sjogge hoe't de gemeenten

as nuete saailammen amper foarútkomme,

dan moat jins bloed dochs wol tin wurde. It wurdt tiid dat de FFG (Ferieniging fan Fryske Gemeenten)

en de VNG (Vereniging Nederlandse gemeenten) yn aksje komme en mei de fûst op tafel slane.

 

Foarsitter it leauwen yn de ultieme groei ten koste fan alles falt by mear en mear de skellen fan de eagen.

Opwaarming fan de ierde, stikstofproblematyk,, trochsketten neoliberalisme, skaal fergrutting,

de wrâldwide drugbisnesskriminaliteit, sosjale útbuiting , de korone pandemy en gean samar troch.

Der sil op allerhande mêd in ynkear en omkear komme moatte wêrby't behâld 

fan wurkgelegenheid hieltyd yn't each hâlden wurde moat.

 

Foarsitter wat meie wy ús gelokkich prizigje dat wy hjir sa goed as koroanafrij blean binne.

De wrâldwide ekonomyske gefolgen wurde hjir likegoed wol field.

Blynstoarje op de negative effekten fan de koronakrises is it lêste dat jo dwaan moatte, 

sjoch foaral nei nije kansen  en útdagings, dy't der ek binne. No't heal Nederlân fakânsje

yn eigen lân fiere wol, litte ús dêr dan op ynspylje.

 

Litte we ús Nasjonale Lânskip "De Noardlike Fryske Wâlden", mei syn unike ieuwenâlde kûlissenlânskip,

foar de fyts-en kuierrekréant yn de etalaazje sette. Fan belang dêrby is dat de paden der goed bylizze,

dat it bioferskaat, de dykswâlen, elzesingels, pingo's en de Mieden ús pronkjuwielen bliuwe.

Mei in goede oanpak kin dat meitsje dat dei-en ferbliuwsrekreaasje hjir ekonomysk woartel sjitte kin.

 

De kommende needsaaklike lânboutransysje nei in mear natoerynklusive lânbou mei in rekréative ûntjouwing,

moat hjir mooglikheden biede foar de Noardlike Fryske Wâlden. Allyksa mei't de provinsje ek ynsjocht dat it korzjet,

dat de wentebou tefolle ôfbynt, de kast yn moat en der dermei no mear mooglikheden binne om te bouwen:  

mei alle macht oan'e slach yn al ús doarpen. Dêr't binnenstêdelik net foldwaande mooglikheden binne,

sil oan in râne fan in doarp útwreidingsmooglikheid komme moatte.

Ek hjir jildt de kânsen, dy't der hjoeddedei  binne, no benutte, uteraard nei fraach en ferlet.

 

Langer op'e hannen sitte en blynstoarje op hieltiten feroarjende beliedsfiersichten en beliedsfisys is de dea yn de pot.

Nee dus , as FNP wolle we de bats yn'e grûn, it izer smeie no't it hyt is.

Njonken de effekten op de wurkgelegenheid is it boppedat foaral wichtich om romte te bieden oan ús eigen jongerenein,

dy't hjir graach harren takomst ha wolle. Foarsitter, der binne krekt no yn ús regio nije kânsen by útstek,

sawol yn de bou as de rekreaasje. Wy komme dan ek mei in moasje oer de wentebou en de rekreaasje.

Foarsitter we binne as FNP fraksje  hiel nijsjirrich wat de gefolgen fan it Corona gebeuren yn ús gemeente binne, 

en wat ús kolleezje dien hat rjochting bedriuwen dy't it hiel swier ha yn dizze tiden. Ús hiele ekonomy

hat it swier yn dizze corona tiid, en der wurde noch hiel wat failliesjementen ferwachte,

en neffens de ING sil dat hurd oankomme by in tredde fan de bedriuwen.

 

Foarsitter by de FNP giet it om eltsenien yn ús gemeente, jong en âld, lyts en grut, earm en ryk, man, frou,siik, sûn,

pensionearre, ûndernimmer, wurknimmer, en noch mear, mar yn myn betinken miskien wol it meast om ús bern,

en as wy net dogge wat nedich is sitte hja yn de takomst mei ús problemen  opskipe, sa as skulden, ferdieldhied,

wurkleashied, en sa kin ik wol efkes troch gean, en yn dizze tiiden fan besúnigjen spilet dat des te mear.

Foarsitter foar ik ôfrond: Lit ús hoopje dat wy wrâld wiid it koronafirus de baas wurde.

Dat elk de tried wer oppakke kin, yn it besef fan ús kwetsberheid en mei nije ynsichten en learpunten

de takomst wer treast wêze kinne.

 

Tanke wol foarsitter.



2020 FNP Fryslân - Disclaimer