Fraksje FNP Achtkarspelen tige aktyf by de kadernota.

wer fierwei de grutste bydrage yn de ried

Flak foar it simmerreses is yn de Ried fan Achtkarspelen de nije kadernota behandele

 

Yn dizze saneamde kadernota wurde de nije plannen en foarnimmens fan de kolleezjepartijen út de doeken dien. De kadernota is dan ek it saneamde plannenboek foar de nije begrutting foar folgjend jier. As je as opposysjepartij noch saken feroarje wolle oan de plannen of nije plannen tafoege wolle, dan moatte jo der no by wêze om it sa mar te sizzen.

 

Dêrom hat de fraksje fan FNP Achtkarspelen ek in oantal moasjes yntsjinne mei nije plannen foar Achtkarspelen foar de kommende tiid. 

Oer dizze plannen fan de kolleezjepartijen , mar ek de nije plannen fan de opposysjepartijen is oeren lang fergadere en diskusearre yn de Ried fan Achtkarspelen.

 

In oantal moasjes (plannen) fan de FNP fraksje binne oannaam troch de mearderheid fan de Ried, mar ek in oantal binne fersmiten.

 

De folgjende moasjes fan de FNP fraksje binne oannaam:

 

Moasje FNP oer ûndersyk fêste ferbining brêge Rysloane-Miedwei.

Moasje FNP oer anty diskriminaasje lessen Tumba.

Moasje FNP oer Frysk taalûnderwiis ynboargering.

Moasje FNP oer Fryske taal yn it ûnderwiis.

 

 

De folgjende moasjes fan de FNP fraksje binne fersmiten:

 

Moasje FNP oer tydlike en strukturele formaasje útwreiding

Moasje FNP oer swalkôffal

Moasje FNP oer subsydzjes sosjaal domein

Moasje FNP oer wenningbou.

 

De moasje oangeande de spitkeet hawwe we ynlutsen neidat wy riedsbreed in nije moasje yntsjinne hawwe en dêrmei de spitkeet rêden is.

De moasje krûdhof is opskood nei septimber wannear't wy dat ûnderwerp yn de ried hawwe.

 



Downloads:
P. overheadm1-moasje FNP oer tydlike en strukturele formaasje twreiding.pdf
P2m1-moasje FNP oer ndersyk fste ferbining brge rysloanemiedwei.pdf
P4m2-moasje FNP oer frysk taalnderwiis ynboargering.pdf
P4m3-moasje FNP oer fryske taal yn it nderwiis.pdf
P5m1-moasje FNP oer swalkffal.pdf
P5m3-moasje FNP en pvda oer gemeentlike stipe foar de spitkeet harkema.pdf
P5m4-moasje FNP en pvda oer selsstannige krdhof.pdf
P5m5-moasje FNP oer fyts en kuiergebied.pdf
P6m1-moasje FNP oer subsydzjes sosjaal domein.pdf
P8m2-moasje FNP oer wenningbou.pdf


2020 FNP Fryslân - Disclaimer