FNP hat noed oer bestemmingsplan bûtegebied

Makliker om dwerssingels te ferwiderjen

  beamwal

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Yn de riedsgearkomste fan 25juni jl hat de gemeenteried it riedsfoarstel partiële herziening bestemmingsplan buitengebied behannele.

Yn dit foarstel stiet ûnder oare it loslitten fan de ferhâldingen fan de opperflakten fan de kavels wêrtroch it mooglik makke wurdt

om dwerssingels te ferwiderjen.

 

 

Wy as FNP ha der alles oan dien om dit foar te kommen, neffens ús kin dit grutte gefolgen ha foar ús lânskip. 

Mei it opromjen fan dwerssingels giet in grut bio ferskaat ferlern en ek de wichtige hoekferbiningen geane ferlern. 

Fierders feroaret de lânskip struktuer, sa as jin sjen kinne op de boppesteande foto ûntstiet troch it wei heljen fan de dwerssingels in landingsbaan struktuer.

 

De yn it besteande bestimmingsplan opneamde herbeplantings ferplichting bliuwt bestean 

mar dat mei ek wol yn lingte singels of op oare stikken grûn fan de eigener.

Us grutste soarch is dat as de lingte en breedte ferhâlding loslitten wurdt en we gjin genôch stjoer mear hawwe om grutskalige rûming

foar te kommen dit komt ek mei troch te min tafersjoch en hânhaving.

 

Wol hat de FNP it klear krigen dat it foar de boargers yn it bûtengebiet makliker wurdt om it bouflak te fergrutsjen,

yn it ferliene moast der in bestimmingsplan oanpassing foar oanfrege wurde ,

Dit koste rûchwei 5000 euro . No kin dit regele wurde mei in lytse oanpassing en kostet it ús boargers noch mar 750 euro.

 

We hiene ek noch in amendemint yntsjinne om it mooglik te meitsjen by wenten dy't lytser yn opperflakte dan 75m2 binne,

de oanbouw dan grutter wêze mei as it haadgebouw. Dit amindement hat it net helle lykas ús amendemint om de opperflakte

ferhâldingen fêst te hâlden it ek net helle hat.

 

It bestimmings plan wurdt no wizige en komt foar fêststelling werom yn de ried.

We ha as mienskip de mooglikheid om hjirop noch sjenswizen yn te tsjinjen , guon boargers en

ynstellingen ha troch in ynstjoerde brief al reagearre mar we roppe ús ynwenners op harren ferûntrésting te uterjen

troch sjenswizen op dit plan yn te tsjinjen.

 

Hâld ús webside yn de gaten want we komme ynkoarten mei mear ynformaasje.

 

Ut namme fan de FNP Achtkarspelen  IJde van Kammen



2020 FNP Fryslân - Disclaimer