Bydrage Ijde van Kammen yn de spreekbuis fan de "Feanster"

Noflik Wenje, Wurkje en Rekreëarje yn Achtkarspelen,

Foar noflik wenjen ha wy wol wenningen nedich. Ut de brânbrief fan de Federaasje fan Pleatslike Belangen oan it kolleezje

fan Boargemaster en Wethâlders wurdt dúdlik oanjûn dat der ferlet  is fan nije wenten yn de doarpen. 

Dat der yn  gruttere doarpen mear fraach is dan yn de lytsere doarpen is begryplik,

mar de FNP hat it stânpunt dat der boud wurde moat nei  fraach en ferlet, dus ek yn de lytsere doarpen.

 

Meikoarten wurdt de nije ‘wen- fysje'  fêststeld, dêr't  yn fêstlein wurdt hokker soarte wenten  boud wurde,

mar ek de ferdieling oer de doarpen.  Wichtich is hjirby it nije  koälysje akkoard fan Fryslân,

yn dit  nije akkoard wurdt oanjûn dat de provinsje gjin beheining mear op ynbreidzjen fan boulokaasjes binnen de doarpen leit.

 

Dit jout de gemeente mear romte om ek yn de lytsere doarpen, wêr't noch romte is bou lokaasjes oan te wizen.

Mar dan sil it yn Achtkarspelen al oars moatte, dan okkerdeis b.g. besluten waard om mar 2 wenten op in frijkommende lokaasje

yn Stynsgea te realisearjen ynstee fan 4.

De FNP wol dat ek de lytsere doarpen  harren part  fan de wenten  kriget.

 

Wat it wurkjen oanbelanget wol de FNP ynsette op de mooglikheden, dat it nije glêstriednet yn it bûtengebiet ús jout.

De frijkommen boerepleatsen en wenten yn it bûtengebiet  de kâns te jaan om in nij en passend bedriuw te begjinnen

en dan sanedich ek linich om te gean mei in nije bedriuwsbestimming.

 

Fierders docht Achtkarspelen mei oan de sa neamde Regiodeal.  Dit is in gearwurking tusken Oerheid, ûndernimmers en ûnderwiis om te kommen ta fersterking fan ús ûndernimmings klimaat.De totale ynvestearring komt del op in lytse 60 miljoen euro, dit bedrach wurdt gruttendiels opbrocht troch it Ryk  de ûndernimmers en de gemeenten yn Noardeast Fryslân. It Ryk hat 25 miljoen tasein en ús gemeente draacht 6 jier lang goed twa ton per jier by.

De ferwachtings oer de opbringsten fan de Regiodeal  binne heech , ek foar Achtkarspelen.

 

Fleanfjilden yn Achtkarspelen?   in grut diel fan út bûtengebiet falt ûnder it Nasjonaal Lânskip de "Noardlike Fryske Wâlden". 

De beskerming fan it lânskip is fêstlein yn it bestimmingsplan Bûtengebiet .  De boer is as rintmaster  in wichtige skeakel  

yn de foarming en it behâld fan it ferskaat oan lânskippen, en de typyske lânskipsstruktuer fan dykswâlen en elzesingels.

Sawol  de dykswâlen as de elzesingels  moatte behâlden wurde en binne beskerme. Al jierrenlang kriget de boer of eigener

fan  dykswâlen  en elzesingels foar it yn stân hâlden en it ûnderhâld in fergoeding.

 

It kolleezje fan CDA, CU en GBA is no fan plan om troch oanpassing fan it bestimmingsplan bûtengebiet 

it mooglik te meitsjen om op plakken de dwerssingels op te romjen.

De dwerssingels binne no krekt kultuerhistoarysk byldbepalend foar ús unike lânskip.

Boppedat  binne dizze dwersferbining wichtich as ferbiningssônes foar de biodiversiteit.

Wylst sa njonkelytsen elkenien ta it besef komt dat de yntinsive lânbou op de lêste skonken rint, de natuerynklusive lânbou de takomst hat,

de biodiversiteit dêrby fan grut belang is, hat it kolleezje fan B. en W. hjir noch in blynkape foar.

Unbegryplik dat it kolleezje oan de hân rint fan in inkelde boer, dy't gjin each hat foar lânskip en natuer. Wat de resultaten wêze kinne is te sjen oan de Uterwei ,

dêr't it kolleezje stikem al  foarút rûn is op beslútfoarming en  dwerssingels opromme binne en sa't liket  fleanfjilden foar yn't plak kommen binne. 

Dat gau tusken twa riedsferkiezingen yn ús lânskip ferkwânsele wurdt raast oan de protters.                                                                                                

 

Dit moatte wy dochs net wolle, wês mei-inoar grutsk op ús lânskip en kom yn aksje om it te behâlden .  Oan de FNP sil it net lizze, wy gean der plat foar.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer