Bydrage Tjibbe Brinkman yn de spreekbuis fan de "Feanster"

Us taal is sa as de Notre Dame fan Parys. Unbetelber en ûnferfangber.

 

Notre Dame

 

By de lêste riedsfergadering hat de ried it ûnderwiisbeliedsstik " koers op kansen" behannele".

De Gemeente wol ûnder oare wer goed ynsette op ûnderwiisefterstannen, talint ûntwikkeling,

goede ûnderwiis húsfêsting, foarskoalse ûntwikkeling en sa fierder.

 

De ambysje dy't útsprutsen wurd, stiet ús as FNP oan.

Wy binne ek bliid dat it kolleezje har wurd holden hat nei oanlieding fan ús bydrage Frysk Taalbelied 2017-2021 en ek oandacht foar it Frysk yn dit stik hat.

 

It brûken fan it Frysk is in grûnrjocht. Josels uterje meie en kinne yn de eigen Fryske taal draacht by oan de emansipaasje,

de lykweardigens fan it Frysk. It brûken fan de memmetaal stipet de identiteit, it gefoel fan eigenwearde. 

It is dan ek fan grut belang dat ús ynwenners de kâns krije har taalfeardigens te fergrutsjen. Mei nammen it skriftlik taalgebrûk en it lêzen is ûnder de mjitte.

 

Wy wolle dat alle bern de kâns krije om harren Fryske taalfeardigens te fergrutsjen.  

Mar dan moat je net sa omslachtich te wurk gean as yn dit beliedsstik.

Yn it stik steane bygelyks fragen dy echt net ûndersocht wurde hoege. Dizze haw ik yn de ried dan ek drekst beändere, skeelt wer in djoer ûndersyk, 1 Foarbyld:

 

  • Hoe gaan we om met leerlingen die het Fries (niet) als thuistaal hebben?

 

Neat oars as oare bern. Us bern dy thús Frysk opbrocht binne moatte dochs ek Nederlânsk leare en kinne dat. As binne Fryske bern folle tûker as Nederlânske as bûtenlânske bern. 

It liket ús net, dus gewoan dwaan.

 

 

Wy hawwe yn de riedsgearkomste it kolleezje mei klam frege de ûnderwiiskoepels dy net leverje en de provinsje oan te sprekken op de ferantwurdlikens

foar ús bern oangeande it Frysk. Jierren en jierren skowe se dit ûnderwerp foar harren út en ûntnimme se ús bern yn wezen ús kultuer.

Hoe kin it dat je foar elk fak as berop diploma's nedich hawwe en by it fak Frysk minsken foar de klasse komme dy net diplomearre binne.

Wêr is de ynspeksje dan. Je litte je hûs dochs ek net mitselje troch de boekhâlder.

 

Yn Twizel is no in ynfalkrêft kaam mei in akte Frysk. Ynienen wurdt der folle mear oan it Frysk dien en sjochst de foarútgong by de bern.

Geweldich, ik haw al nei skoalle west om te sizzen dat se in fêst kontrakt hawwe moat. Mar it moat dochs net fan in pear persoanen ôfhingje dat ús taal goed ferankere is.

 

Mar net allinnich it ûnderwiis. Sa hearde ik ek dat by in grutte supermerk yn ús gemeente de kassiers de opdracht krigen hawwe alle minsken yn it Nederlânsk oan te sprekken.

Net te leauwen hoe faak je as Fries diskriminearre wurde yn je eigen provinsje en gemeente.

 

En dan krij ik nei dit skriuwen wêr de fêste reaksjes, fan wat kinne jo no mei it Frysk bûten de provinsje, wy binne dochs Nederlanner, wat kostet dat alllegear wol net.

 

Us taal giet folle djipper as dat. Us taal is sa as de Notre Dame fan Parys. Unbetelber en ûnferfangber.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer