fragen FNP oer bestrating de Buorren yn Droegeham


Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44   
 
 
Datum: 18 febrewaris 2019
 
Underwerp: bestrating De Buorren Droegeham
 

 

 

 

 
Acht Kolleezje,


Op De Buorren yn Droegeham hat de gemeente okkerdeis skrikhekken pleatst.  Dat wie sûndermear nedich.

De bestrating fan it eintsje wei kaam nei inkelde dagen lichte froast der alderferskuorrendst út te sjen.

Soks ta fernuvering fan de FNP, mar ek fan ferskate bewenners.

 

Hoe is dit mooglik freget men jin ôf, ommers ferline jier is krekt dit diel fan De Buorren op'e nij beklinkere.

Ek pleatslike strjitmakkersbedriuwen waarden hjir hoewol net terjochte op oan sjoen. De FNP-fraksje hat dan ek de folgjende fragen: 
 
1. Kin it kolleezje oanjaan, hoe at it mooglik is dat nei in lichte froast krekt dizze nije bestrating der no alderferskuorrenst hinne leit?

 

2. Hat it te krijen, sa't grúte wurd mei in soarte fan proef? En as dat sa is wêrom hat it kolleezje har dêr dan foar liend?

 

3. Hat it kolleezje de oannimmer oansprakelik steld foar de ûntstiene skea?

 

4. Hoe tinkt it kolleezje yn de takomst foar te kommen dat soks op'e nij bard?
 
Ut namme fan de fraksje FNP Achtkarspelen,
 
 
Hr. IJ. Van Kammen 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer