Heech tiid dat der trochpakt wurdt

85 persint fan ús bern komme as analfabeet yn harren memmetaal fan skoalle ôf

Heech tiid dat der trochpakt wurdt

Fan de Fryske bern komt noch altiten 85 persint as analfabeet yn harren memmetaal fan skoalle ôf. Dêrom, ophâlde mei eameljen en no aksje.

Yn in Opinie-stik fan 5 jannewaris (‘Diskusjes oer it Frysk smite neat op') komt Piter Bergstra mei in soad foaroardielen as argumint tsjin al dy diskusjes oer it Frysk. It Frysk soe der likehurd om efterút buorkje, de gewoane Fryskpraters giet it boppe de pet, it giet oer de rêch fan de gewoane man, it ferfeelt en jout allinnich mar argewaasje, want it docht dochs gjin fertuten, it is nocht oan ûnnocht. Dus kin men der better mei ophâlde en nei in selshelpgroep gean. It komt as diarree út Bergstra syn gat en it binne foaroardielen dy't al lang wjerlein binne.

Mar it wiere ferhaal is finaal oars. Friezen mei leafde foar harren memmetaal krije fan Bergstra syn ferhaal grif kromme teannen (en wa hat hjir eins nocht oan ûnnocht?). En dat ek noch fan in âld-foarljochter fan de provinsje. En foar in âld-sjoernalist fan it Nieuwsblad van het Noorden is it likegoed beskamsum praat.

By de ûnderskate publyksaksjes fan Sis Tsiis hat ús bliken dien dat wol sa'n 80 persint fan de Friezen in soad fan harren memmetaal hâldt en fan betinken is dat de oerheid der folle mear oan dwaan moat. Hja fine it in griis dat harren memmetaal sa yn de fersutering rekket om't de taalmacht fan it Hollânsk sa oerweldigjend is en it Frysk mar in marzjinaal plakje taskikt.

It biedwurd fan Sis Tsiis is dat ûnderwiis yn it Frysk in berne/minskerjocht is en dat rjocht is fêstlein yn in Europeesk Hânfêst (it Frysk is in offisjeel erkende minderheidstaal) en it Ramtferdrach (de Friezen binne in offisjeel erkend folk). Bergstra wol fan Sis Tsiis hearre, hoe't it no winliken sit mei de minskerjochten fan Drinten en Limboargers.

Wy tinke dat minskerjochten foar alle minsken jilde. Alle bern moatte fansels it lêzen en skriuwen leare kinne yn de taal dy't foar harren de measte gefoelswearde hat: de memmetaal. Ek de Drintske en Limboarchske bern. Dêrom sille Drinten en Limboargers, yn de striid foar ûnderwiis yn de eigen taal, Sis Tsiis altiten oan harren side fine.

En dan komt der fenyn út de pinne fan Bergstra: ‘Op de eftergrûn fan alle argumintaasje spilet fansels in ûngemaklik te beneamen nasjonalisme.' In beladen wurd dat gauris misferstien en manipulearre wurdt. Hawwe wy faaks roppen dat wy ússels better achtsje as in oar? Nee. Wat hat sa'n assosjaasje by Bergstra oproppen? Is it dommens of moedwillige swartmakkerij?

De Fryske striders meie graach kleie oer de sleauwens fan it ryk, ornearret Bergstra. Wolno, wat binne de feiten? Sûnt 1980 is Frysk ferplichte op de basisskoallen en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dochs foldocht nei 38 jier ferplichting sa'n trijekwart net oan de geast fan de wet en de letter fan de kearndoelen. Sadwaande komt 85 persint fan de Fryske bern noch altiten as analfabeet yn harren memmetaal fan skoalle ôf.

De provinsje tinkt dat syn ûnheffingsbelied noch wol tolve jier trochgean kin, sadat de wet pas nei in heale iuw echt ynfierd wurdt. Bergstra tinkt dat de nije bestjoersôfspraak (BFTK) net helpe sil. Dêr steane moaie plannen yn, mar der is gjin jild by. Sjoch ris wat der oan it Hollânsk op de skoallen bestege wurdt, mei in ûnderwiisbegrutting fan sa'n 40 miljard euro. En ferlykje dat ris mei 20 miljoen euro dêr't it Frysk it mei dwaan moat. By de skoallen sels komt streekrjocht noch net in miljoen telâne.

Op 20 maart 2019 binne der ferkiezings foar ús provinsjale steaten en kinne wy derfoar soargje dat it taalbelied in wichtich ferkiezingspunt wurdt. BoargerAksjegroep Sis Tsiis ropt alle Friezen op om by de ferkiezings de politike partijen ôf te rekkenjen op in sleauwe taalhâlding.

Op 9 maart om middeis 15.00 oere hâlde wy fan it Saailân yn Ljouwert ôf in demonstrative optocht om dúdlik te meitsjen dat wy striemin te sprekken binne oer wat der oant no ta berikt is en om ús grutte soarch oer te bringen dat it ek yn de takomst lang gjin sprekken lije kin.

Kom manmachtich mei âlden, bern, pakes en beppes en rin mei. It wurdt heech tiid dat der no ris echt trochpakt wurdt.

Piter Dykstra, Mitselwier, en Jehannes Elzinga, Frjentsjer, út namme fan BoargerAksjegroep Sis Tsiis.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer