Spreekbuis de Feanster 9 jannewaris 2019

Akwadukt by de Tille?

FNP3495

Noch net sa lang lyn wurde der troch de provinsje oanjûn dat der in ûndersyk komt nei de helberens fan in akwadukt tichtby Koatstertille, omt de brêgen fan Skûlenboarch en Koatstertille mei in pear jier ferfongen wurde moatte. De provinsje is in foarstanner fan ien akwadukt yn it plak fan de twa brêgen, wylst de gemeente Tytsjerkstradiel oanjout dat de brêge by Skûlenboarch bestean bliuwe moat. Wy as FNP fraksje binne der tige mei ynnaam dat dizze plannen der no lizze:  it PM kanaal wurdt elke kear drokker en mei gruttere skippen jout dat wolris hiel gevaarlike sitewaasjes, lykas oanfaringen mei de brêgen yn Koatstertille en  Skûlenboarch. De FNP fraksje hat al ferskate kearen yn de Ried oanjûn dat der wat barre moat, want it doarp rint wol grutte risiko's sjoen de protte tonnages en de gefaarlike stoffen dy't oer it wetter ferfierd wurde.

De provinsje jout oan dat it helberens ûndersyk alle romte jout foar sawol de útfiering as  de lokaasje. Wy as FNP fraksje binne fan miening dat ek de ûntslúting fan de Westkern der yn meinaam wurde moat, sadat it ferkear fanôf it industry-terrein der op oanslúte kin. Sadwaande wurdt de rotonde wat ûntlest en is it doarp dan yn de spits makkliker berikber.  Ek kin in opsje wêze om it akwadukt tusken de brêgen oan te lizzen, wat yn it ûndersyk ek meinaam wurde kin. Ek de festiging fan de biofergister, dy't der tsjin de wil fan it doarp toch komt, sil foar ekstra frachtferkear soargje, en sil noch mear druk op de rotonde jaan. No is de wethâlder fan Tytsjerkstradiel net in grut foarstanner fan it plan sa't dat der no leit, mar wy as FNP Achtkarspelen binne de miening tadien dat we dizze kâns net foarby geane litte meie, en hjir op ynspylje moatte. In goede ûntslúting is foar it doarp nedich ek al omdat Koatstertille mar ien ûnslúting hat. As de Miedwei fan Koatstertille nei Bûtenpost ek noch beheind wurdt, kinne de ynwenners fanút it doarp by need dêr ek net mear lâns. De FNP fraksje hat in goed alternatyf oanjûn om de wei toch iepen te hâlden. Ek foar de ûntslúting fan it doarp is dat in eask. De FNP fraksje sil net meiwurkje om de Miedwei te beheinen. Desneeds sille wy as fraksje mei bredere alternatieve plannen komme foar in goede ûntslúting fan it doarp en de Eastkern dy' no dwars troch it doarp giet. De provinsje jout ek oan dat de brêge by Blauferlaat net ferfongen wurdt, wylst dat miskien better wol meinaam wurde kin yn it helberens ûndersyk, om ek dêr in akwadukt oan te lizzen. De provinsje jout oan in jier nedich te hawwen foar it ûndersyk. Ek de ynwenners sille hjir by belutsen wurde.

 

Oan de ein fan myn petear noch in pear wurden oer ús takomstige Boargemaster. Ek de FNP fraksje is tige ynnaam mei ús takomstige nije Boargemaster, dhr. Oebele Brouwer. Hy foldocht hielendal oan wat de FNP fraksje foar eagen hie : in krachtich persoan, de fryske taal en kultuur eigen, in man dy't midden yn de mienskip stiet. Tige wolkom!



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer