10-04-2022 - Skriftlike fragen oer Corona stiperegeling no. 4 Oangeande it riedsútstel fan ôfrûne augustus 2021 mei it 4e stipepakket Corona-regeling is ús bekend wurden dat de ferdieling net neffens ôfspraak ferrûn is. It docht bliken dat der in doffer jild oer is fan €50.000 en dat dit ferdield wurdt oer profesjonals. It Kolleezje hat neffens ús net it foech net om in riedsútstel wat oannommen yn de ried op eigen manneboet te feroarjen en it beslút te feroarjen. No witte wy fanút de mienskip dat ferskate ynisjativen net troch de ‘keuring’ kommen binne omdat hja net oan de betingsten foldwaan soenen. It liket de FNP skoan ta dat wannear’t der jild oer is, der nochris nei dizze ynisjativen út ús doarpen sjoen wurdt foardat al dat jild nei profesjonals giet.
26-01-2022 - Fryslân: Frysk Parlemint fjouwerkant efter (berne)hertsintrum UMCG Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe stelling ynnommen ta behâld fan it (berne) hertsintrum fan it UMCG yn Grins. De Fryske folksfertsjintwurdigers stjoere it Kolleezje fan Deputearre Steaten op 'n paad. Fryslân fiert hjirmei solidêr mei Grinslân, Drinte, en Oerisel ek bestjoerlik de druk op om de sintralisaasje fan hertsintra yn de Rânestêd fan tafel te krijen.
22-01-2022 - Fryslân: Opiny: Goedkeape kaugom It is sa fier. De Lelyline stiet nei in bestjoerlike lobby yn it lanlike koälysje-akkoart, as ûnderdiel fan it grutte ‘Deltaplan voor het Noorden,’ en is ek al op jild set. Trije miljard ha de nije regearingspartijen der foar oer. Provinsjebestjoerders, de foaroanman fan VNO-NCW Noord en de minsken by de RUG yn Grins kamen superlativen tekoart yn har joechei stimming. Nei de euforyske útspattingen kamen in pear dagen letter gelokkich al de realiteitssin en de terjochte fraachtekens.
29-12-2021 - Fryslân: FNP solidêr foar behâld hertsjirurgy UMCG Grins Mei in hiel soad oare partijen tidiget de FNP op it behâld fan de spesjalisearre hertsjirurgy foar bern en oaren op it UMCG Grins. Wy fine it net akseptabel as dat fanwege effisjinsje-oerwagings ferdwine soe nei de Rânestêd.