Wurklistpunt: 15. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei
Underwerp: Bernehertsirurgy UMCG behâlde
De ried fan de gemeente Achtkarspelen yn gearkomste byinoar op 27 jannewaris 2022
Ropt it kolleezje op:
1. Tegearre mei de VFG en de Fryske gemeenten sa gau as mooglik yn ferset te kommen tsjin
de foarnommen sluting fan de bernehertsjirurgy yn it UMC yn Grins.
2. Dizze moasje kenber te meitsjen by de ferantwurdlike minister en steatssekretaris en de
leden fan de Twadde Keamer.
En giet oer ta de oarder fan de dei.
Taljochting:
It demisjonêre kabinet hat op de falreep noch efkes in klap oan it noarden útdield.
Dit troch oan te kundigjen dat de bernehertsjirurgy yn it UMCG sluten wurdt en ferpleatst wurdt
nei Rotterdam en Utert.
Dit is foar de noardlike provinsjes net besprekber, it is fan libbensbelang, ek foar Achtkarspelen
en Fryslân, dat dizze ôfdieling yn Grins bestean bliuwt.
De oanrydtiden nei Grins binne al op it rântsje en as jo no nei Utert of Rotterdam moatte, kin dit
it ferskil tusken libben en dea wêze.
It wurdt heech tiid dat Den Haach ris dúdlik makke wurdt, dat der mear as trije rânestedprovinsjes binne
yn Nederlân.
Foar tekenjen petysje klik hjirre
FNP-Achtkarspelen,
IJde van Kammen