FNP Achtkarspelen : ' Mes fan de kiel fan doarps- en kluphuzen

 

 

Yn de begruttingsried fan 12 novimber 2020 hat de mearderheid fan de ried besletten om ûnder de namme

"modernisering van het voorliggend veld" , de subsydzjes op it sosjaal kultureel wurk per 1-1-2022 grutdiels fuort te besunigjen.

 

Net allinnich it sosjaal kultureel wurk wurd stikken makke ek de doarps- en kluphuzen dy dit fasilitearje geane nei gychem.

Ferskate bestjoeren fan de doarps- en kluphuzen ha oanjûn dat it net slagje sil om de eksploitaasje oerein te hâlden. 

Guon fan harren ha al sein , as it net wer feroaret dat de kaai op't gemmentehûs ynlevere wurdt.

Ek binne hja hiel min te sprekken oer it feit dat der alhiel net mei harren kommunisearre waard.

 

As FNP wiene wy ferline hjerst al fûleindich tsjin dizze ôfbraak.

De FNP hat mei allinne stipe fan de PvdA by de behandeling fan de begrutting fuortendaliks in moasje yntsjinne om dit te kearen.

Mar der wie gjin ferwin op, de rest fan de ried woe fan neat witte en hat by mearderheid de besuniging fan 2022 ôf yn gong setten  

De FNP joech ek doe al oan hokker grutte konsekwinsjes dit foar de ferskate doarpsmienskippen hawwe soe, mar neat holp.

 

Yntusken hawwe de ferskate bestjoeren SKW en jongereinynstellings, doarps- en kluphuzen en jeugdhonken manmachtich by it kolleezje

en de ried oan de belle lutsen en harren wiist op de grutte konsekwinsjes fan dit beslút.

 By "It Koartling" Bûtenpost is de situaasje  sadanich, dat  as der neat feroaret hja al foar de simmer de kaai by de gemeente ynleverje.

Ferskate doarpshúsbestjoerders hawwe al oanjûn de kaai yn te leverjen as it beslút net weromdraait wurd.

 

De FNP wolle heldere wyn skinke.

Wy hawwe altyd foar de doarpshuzen en de mienskippen stien en it no de oare partijen wol dúdlik wêze moat, dat it op de kop ferkeard komt. 

It mes moat fan de kiel fan de doarps- en kluphuzen. Dêrom komt de FNP de kommende ried mei twa moasjes .

De FNP wol dat it beslút dat op 12 novimber 2020 fallen is, yn it gehiel weromdraaid wurd .

Fierders de  doarps- en kluphuzen finansjeel  temjitte te kommen  om yngeande 2021 in fergoeding te beteljen foar de ûnreplik saakbelesting ,

dy't gelyk is oan de jierlikse oanslach û.s.b.

 

Altyd stiet de FNP foar de mienskip en just yn dizze swiere tiden net ôfbrekke mar opbouwe.



Downloads:
Moasje FNP oangeande fergoeding ûnreplikesaakbelesting foar doarps en buerthuzen.pdf
Moasje FNP pvda subsydzjes sosjaal kultureel wurk.pdf


2021 FNP Fryslân - Disclaimer