FNP Achtkarspelen ferset harren tsjin brike ferdieling gemeentefûns.

"It kostet Fryslân 10 miljoen it jier. Dêr kinst hiel wat biblioteken en swimbaden foar iepenhâlde”.

Werferdieling ryksjild: "It is hiel bryk allegear!

 

We moatte der net oan tinke dat dit trochgiet. De provinsje moat dêrom mei de gemeenten yn aksje komme.

Alle gemeenten yn Nederlân krije fan it Ryk jild foar it sosjaal domein.

Minister Ollongren (D66) wol de ferdieling fan dat jild feroarje en dat pakt tige min út foar Fryslân.

Benammen gemeenten mei minder as 100.000 ynwenners geane derop achterút.

Yn Fryslân giet it dan om hast alle gemeenten, en dat wylst de measte gemeenten al mei tekoarten op it sosjaal domein sitte.

 

De stêden en foaral de rânested lûke it plattelân finansjeel wer leech. Wer kinne wy wer opdraaie foar harren gelach.

 

Wy moatte no optrede tsjin dit rânestedbelied fan dit kabinet.

De kommende riedsfergadering tsjinnet de FNP dan ek in moasje yn om dit belied wer werom te draaien.

 

 



Downloads:
17-moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP oer finansjele posysje gemeenten.pdf


2020 FNP Fryslân - Disclaimer