Fragenhealoerke 14 oktober 2021

ôfslúting brêge yn Koatstertille

Fragehealoerke 14 oktober 2021

 

Underwerp: brêge yn Koatstertille

 

Acht kolleezje, Der is ferline wike in fertroulik berjocht fan it kolleezje kaam, dat de brêge yn Koatstertille

foar swier frachtferkear/lânbouferkear/ en iepenbier ferkear fan moandei 11 oktober of ôfsluten wurdt.

 

Wy hawwe de neikommende fragen:

 

1. De Ried hat in fertroulik berjocht fan it kolleezje krigen oer in aslêstbeheining fan de brêge yn Koatstertille,

wylst it berjocht al op Wâldnet stie. Hoe kin dit?

 

2. Hat it kolleezje al GOEDE maatregels naam om it swiere ferkear troch û.ô. Droegeham, Stynsgea en Twizel tsjin te gean?

 

3. Binne de omliedingsrûtes WOL dúdlik oanjûn? Der binne no al problemen yn De Harkema en Stynsgea

om't de buorden ferkeard steane. Sy steane nei de rotonde op it Jachtfjild, wylst dy der einliks foar stean moatte

en op dizze wize it frachtferkear de rûtes troch De Harkema en Stynsgea nimt.

 

4. Sil it kolleezje der ek by de Provinsje en it Ryk op oantrune dat der sa gau mooglik aksje ûndernommen wurdt om dizze

gefaarlike situaasje oan te pakken? Frij resint is der ek wer in oanfarring west mei de brêge yn Skûlenboarch ek al

om't de skippen hieltyd grutter wurde mei alle risiko's, dat soks meibringt.

 

5. Is it net better, sjoen de hieltyd gefaarliker situaasje by de brêgen, der by de Provinsje en it Ryk

op oan te trunen om it ûndersyk foar in akwadukt nei foaren te heljen?

 

6. Is der ek kontakt west mei it iepenbier ferfier oer it busferfier? Der ride no lytse buskes yn it plak fan it reguliere ferfier,

mar der kinne mar sa'n 10 skoalbern yn, en der bliuwt dan in oantal bern of grutteren stean.

 

Ut namme fan de FNP-fraksje

 

Sake van der Meer



Downloads:
0-fragen FNP-brge yn koatstertille.pdf


2021 FNP Fryslân - Disclaimer