fergunning foar de bou fan in biofergister



 

Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44

Datum: 30 novimber 2017

 

Underwerp: fergunning foar de bou fan in biofergister

 

Acht kolleezje,

Koartlyn hat de gemeenteried de rekkenkeamerkommisje frege om in ûndersyk yn te stellen nei de ferliende fergunning foar de biofergister. De rekkenkeamerkommisje hat advisearre om fragen dêroer yn it foarste plak oan it kolleezje te stellen.

It ûnderwerp hat in oantal kearen yn 'e ynformaasjekarrûsel fan de ried oan de oarder west, mar wy hawwe noch in oantal fragen en in fersyk:

 

1. Graach wolle wy in oersicht wêryn de fergunningsproseduere fan de biofergister stap foar stap ûnderbouwd wurdt mei de regeljouwing yn fergelyk mei de hjoeddeistige wet- en regeljouwing. Ek moatte de op de regeljouwing basearre (ferfolch)stappen dúdlik makke wurde. Dêrby kinne ek de fragen 2 en 3 meinaam wurde.

Dêrnei krije wy graach in antwurd op de fragen 4 t/m 6.

 

2. Wêrom is de âlde fergunning út 2009 net hifke oan de nije wet-en regeljouwing? Jo antwurd (op de webside) is dat de fergunning net hifke is oan de Omjouwingswet omdat dizze noch net yn wurking treden is, mar sûnt 2009 binne der dochs strangere (miljeu)easken kommen? Boppedat hawwe der ûnderwilens feroaringen west, wêrtroch der in oare situaasje ûntstien is.

 

3. Der is in opsje ferliend yn 2009 foar in oare biofergister (ferhâlding dong 50/50) dan de dong-ferhâlding wêroer de ûndernimmer de lêste jierren sprutsen hat. No is dochs de âlde situaasje wer oan de oarder. Wat is hjiryn it foech fan de oerheid?

 

4. Hoe komt it dat der gjin grutte risiko analyze dien is nei de effekten fan de biofergister foar de bewenners/omjouwing?

 

5. Yn it ferline binne de bewenners, de omlizzende bedriuwen en de gemeenteried net of amper op 'e hichte brocht troch de inisjatyfnimmer, hoewol dat troch it kolleezje fan B&W as in eask steld is. De inisjatyfnimmer hat no gjin ferplichtings mear. Hokker taak leit hjir noch foar it kolleezje fan B&W yn termen fan foarljochting ensafuorthinne nei de bewenners en de omlizzende bedriuwen?

 

6. Is der ea tocht oan in bepaalde kompensaasje foar de bewenners yn wen- en leefgemak, sa't ien fan de wittenskippers yn 'e ynformaasjekarrûsel op 11 oktober 2017 ûnder wurden brocht hat?

 

Ut namme fan de FNP-fraksje en de CU-fraksje,

 

S.D. van der Meer en D. Van Oosten



2022 FNP Fryslân - Disclaimer