Nûmer 9 Ynformaasje

FNP 9904  
Sita Land - Dotinga - Surhuzum
Ik fyn it moai as ik wat foar in oar betsjutte kin.

 


De measten kenne my as Sita Dotinga, mar yn 2017 bin ik troud mei Martin en gean no troch it libben as Sita Land-Dotinga. Op 9 oktober 1990 bin ik berne yn Stynsgea en 2 jier letter ferhuze nei Bûtenpost, dêr’t ik noch altyd graach kom.


Yn 2013 ha ik mei myn man ús hûs boud en wenje wy yn Surhuzum op in prachtich plakje yn’e Mieden. Wy ha 2 moaie bern, in famke fan 4 en in jonkje fan hast 2 jier en krekt lyn is der ek in jong hûntsje kaam, ús Sibbe.
Ik wurkje as administratyf meiwurker by “Bouwdiensten” op’e Gordyk.


De ôfrûne jierren ha ik yn it bestjoer fan Pleatslik Belang Surhuzum sitten, earst as skriuwer en dêrnei as foarsitter. Ik fyn it moai om wat foar in oar betsjutte te kinnen.


Wy as FNP wolle ús sterk meitsje foar in earlike en foaral rjochtfeardige Mienskip, dêr leit in taak foar de polityk.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer