Nûmer 8 Ynformaasje

 FNP 9964

 


Rein van der Wal - Surhústerfean

Enerzjytransysje is nedich mar it mei net liede ta earmoed

 


Myn namme is Rein van der Wal út Surhústerfean en ik bin 63 jier âld. Ik bin berne yn Ferwert, hikke en tein op ús buorkerij yn Bakkefean en as jongfeint nei Surhústerfean ferhuze. Dêr wenje ik no noch, tegearre mei myn frou Sandra en ús beide moaie, leave jonkjes.

Ik ha de Pedagogyske Akademy dien en bin dêrnei jierren ûnderwizer west.
Sûnt septimber 2019 sit ik foar de FNP yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Ek bin ik stipe-fraksjelid en skriuwer fan de FNP riedsfraksje fan Achtkarspelen.
Op dit stuit wurkje ik yn in hoarekasaak.

Ik ha frijwilligerswurk dien foar de FNP, de Fryske Dambûn, it Fryske Fierljepbûn en Omrop Fryslân.

 
Wat my dwaande hâld :

  • Achtkarspelen is in unyk stikje Fryslân en hat in hiele lange moaie skiednis en tradysje. Fansels moat Achtkarspelen dêrom ek selsstannich bliuwe as gemeente.
  • Ik wol my binnen ús partij foaral ynsette foar akwatermy, werby de waarmte fan wetter brûkt wurde kin foar it ferwaarmjen fan hûzen en kantoren.
  • Leefberens is tige wichtich foar eltsenien op it plattelân. De foarsjenningen moatte dêrom ek safolle mooglik oerein bliuwe yn ús doarpen.
  • De kommende klimaat-maatregels binne wichtich mar meie finansjeel net ten koste gean fan de gewoane boargers, dêrom sis ik dat de enerzjy-transity net liede mei ta griene gekte.

De kearnwearden fan de FNP sprekke my oan sa ek de basisideology fan de FNP: “demokrasy fan ûnderen op”.

2023 FNP Fryslân - Disclaimer