Nûmer 7 Ynformaasje

FNP 9983  
Lieuwe van der Wijk - Bûtenpost
As FNP wolle we ús  moaie kûlissen lânskip beskermje sadat de weardefolle dykswâlen en elzesingels net ferdwine.

 


Myn namme is Lieuwe van der Wijk. Ik bin berne yn Stynsgea op 18 - 09 - 1960. Sûnt 1988 wenje ik oan de Irenestrjitte yn it âldere en smûke diel fan Bûtenpost. Myn beide soannen wenje sûnt har stúdzje yn de stêd Grins. Ik bin tweintich jier bôle-en banketbakker west. Op it heden wurkje ik by Friesland Campina yn Gerkeskleaster en Marum as produksje meiwurker.


Ik bin yn it foarste plak in Fries en dan Nederlander. Ik wenje nei grutte tefredenheid yn de Fryske Wâlden mei it  moaie coullisse lânskip. Dat moatte we as FNP bliuwend beskermje sadat de singels en dykswâlen mei har bysûndere flora en fauna, net ferdwine. Fanwege de greidefûgels moatte we better mei ús polders omgean. We sille mei de skoallen de striid oanbine moatte tsjin de fersmoarging fan ús doarpen en de natûr. De âlde kuierpaden yn eare herstelle.


Ik bin grutsk op ús Fryske taal en fyn it fan grut belang dat de bern it goed leare op skoalle.

 

Ik wol my graach ynsette foar ús Fryske taal, ús kultuer, ús lânskip en alle oare belangrike saken  dy't mei ús mienskip te meitsjen ha.


Ik ha my as frijwilliger jierren ynset as grinsrjochter by it tredde fan V.V. Buitenpost. Ek ha ik my jierren ynset foar de organisaasje fan de Krystmarkt.


Ik bin lid fan de fûgelwacht Kollum-Bûtenpost- Twizel - Koatstertille. Fan ein maart oant begjin juli dogge we oan neisoarch om de greidefûgels te beskermjen. Ek bied ik ekskursjes oan troch de polders yn Achtkarspelen.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer