Liever de website in het Nederlands? Klik hier.
Mei fyzje op wei nei de takomst!
De FNP is in partij dy't opkomt foar Fryslân en syn ynwenners. De FNP stribbet nei in provinsje mei mear eigen foech. In provinsje dy't sels wikt en beskikt oer bygelyks de boaiemskatten. Taal, kultuer, tradysjes en lânskip binne wichtige parten fan ús identiteit.
Achtkarspelen hat yn Fryslân in bysûndere posysje en is ‘oars as oars' mei in eigen identiteit, taal, kultuer, tradysje en Wâldlânskip. Mei minder as in eigen bestjoerlik hûs kin it dêrom net ta. De trend yn Fryslân en Nederlân is krekt de oare kant út. Grutter, anonimer en ôfstanliker. De skaalfergrutting yn it iepenbier bestjoer, mar ek by de rjochtspraak, it ûnderwiis, de soarch en by de brânwacht en de polysje, soargje der foar dat dizze foarm fan bestjoeren net mear past by de mienskip, mar der krekt fan ferfrjemdet.
Foarop stiet dat de FNP Achtkarspelen yn it foarste plak útgean wol fan de eigen krêft. It brûken fan "griene" foarmen fan enerzjy yn ús gemeente stimulearje om sa te kommen ta in safolle mooglik selsfoarsjenjende enerzjywinning. Wy stribje nei safolle mooglike ûnôfhinklikens fan fossile brânstoffen en in wettersysteem dat skjin, feilich en foldwaande is, sadat elts hjir sûn libje kin. It behâld fan Fryske monuminten, natuer, iepen romte en kultuer. Se binne fan grut belang foar de leefberens yn Achtkarspelen.
De stikstofproblematyk en de needsaaklike lânboutransysje jouw nije kânsen mei ynsetten fan it kultuurhistoarysk lânskip. De motor fan de ekonomy wurdt yn ús regio foarme troch de middelgrutte en lytsskalige bedriuwen. De taak fan de gemeente is de wurkgelegenheid safolle mooglik te stypjen. It fergees parkearen is in grut pluspunt yn ús winkelsintra. In goede digitale ûntsluting is wichtich.
De FNP fynt it wichtich dat ynwenner dy't ûnevenredich swier troffen binne troch it ryksregear op it sosjale mêd goed holpen wurde moatte.
De FNP stiet in gemeente foar yn tsjinst fan de boarger, jong en âld. Om de boargers sa folle mooglik te belûken by it bestjoer is de FNP foar rieplachtsjende referinda oer wichtige saken. De fyzje fan de doarpen sels en de oerlizzen mei de doarpsbelangen, wyk- en doarpshûsbestjoeren binne tige wichtich. Fierders is it fan grut belang dat de foarsjennings yn de doarpen bliuwe. De FNP giet foar in 12 doarpebelied. Dat is it stribjen en wol de FNP berikke as selsstannige gemeente Achtkarspelen yn goed oparbeidzjen mei de buorgemeenten.
De ynset fan de FNP bliuwt net beheind ta de gemeente of de provinsje. Ek yn de Earste Keamer yn Den Haach en yn Europees ferbân (it EFA) klinkt it lûd fan de FNP.
7 Kearnwearden fan de FNP
Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.
Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar
dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de
eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear
foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in
sterker Fryslân.
Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en
sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en
respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby
sintraal.
Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de
identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske
identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en
kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en
kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it
Bildts en it Stellingwarfs.
Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf,
kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat
minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.
Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it
behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken
earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat
nimmen oan de kant komt te stean.
Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan
de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei
ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken
konsumearjen en konservearjen.